Difference between revisions 567907 and 567963 on fywiki[[Ofbyld:'s Lands Magazijn te Harlingen.jpg|thumb|It gebou fan de admiraliteit yn Harns]] [[Ofbyld:Linieschip Prins Friso.jpg|thumb|De ''Friso'']] [[Ofbyld:DokkumAdmiralty.jpg|right|thumb|''It Admiraliteitshuis'' yn Dokkum]] [[Ofbyld:DokkumWharf.jpg|right|thumb|It plak fan de âlde admiraliteitswerf yn Dokkum]] (contracted; show full)n waard oerbrocht nei it [[Departemint fan Marine]] yn [[De Haach]]. Doe’t dêr op [[8 jannewaris]] [[1844]] brân útbruts, fergie ek it oerbleaune materiaal. Ek oer de grutte mannen fan de Admiraliteit is kwealik wat bekend. Ek hjir is it breklike argyfmateriaal de oanlieding. It ferhaal fan [[Beucker Andreae]] is in oandwaanlik foarbyld. Andreae makke in stúdzje nei it libben fan [[Auke Stellingwerf]]. Oer syn sneuptocht nei de doopboeken fan syn berteplak skreaun hy it neikommende: {{Cquote| '' Er was echter bij de kerkvoogden eeneBy de tsjerkfâden wie in kist met oui âlde boeken en schkrifturen bewaard gerre bleveaun, waaronder, naar de meening van een oudinwoneren neffens it sizzen fan in âld-ynwenner fan der stad, doopboeken zouden schuilenêd soenen dêr ek de doopboeken by lizze moatte. Maar diey kist had men vóór eenige jaren ter bewaring awaard in jiermannich lyn oan H. H. Diakenen overgegevjûn om him te bewarjen. eEn daar zij ongelukkig niet slotvast was, had de moeder in het oude-mannen-huis de boeken, daarin voorhanden, tot allerlei huishoudelijk gebruik tot patronen verknipt! En zoo is het gekomen, dat, ofschoon de kist aldaar nog bestaat, de papieren er niet meer te vinden zijn.'' <small>Beucker Andreaeom't der gjin slot op 'e kist siet hie de mem fan it hûs de boeken út dy kist yn lytse stikken knipt om it papier yn it húshâlden brûke te kinnen. En sa kin it wêze dat de kist der noch stiet, mar de papieren fuortrekke binne.''}} == Organisaasjestruktuer == Op [[14 juny]] [[1597]] waard op de gearkomst fan de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-Generaal]] in útstel goedkard. Der waard besluten om it yn 1593 ophefte ''Collegie Superintendent'' fan 1589, dêr't [[Maurits fan Oranje|Prins Maurits]], sûnt 1588 Admiraal-Generaal, oan it haad fan stie, te fervangen troch fiif selstannige Admiraliteiten: de [[Seelân|Sieuske]], de [[Fryslân|Fryske]], de [[West-Fryslân|West-Fryske]], de [[Amsterdam]]ske (contracted; show full) == Yn Dokkum == De Admiraliteit kaam yn it âlde riedhûs, it yndruk meitsjende Blauhûs, op de hoeke fan de Heechstritte en de Lange Easterstrjitte yn Dokkum. Dit gebou wie yn 1589 oankocht troch kaptein [[Tjaert Tjebbes|Tjaerd Tjebbes]] foar 900 goudgûne. Yn't earstoan betelle it stedsbestjoer de hier, mar fan 1610 ôf gie de Admiraliteit sels ta de bûse. [3] Yn 1618 ferhûze de ynstelling nei in oar pân, dêr't no it steedlik museum fan Dokkum, it "Het Admiraliteitshuis", yn sit. (It museum rjochtet him net allinnich op it seefeartferline fan Dokkum.) Oer de perioade tusken de oprjochting en de Slach by Duins is net folle bekend troch de ferneatiging fan it argyf fan de Admiraliteit. Wol docht bliken út de floatlist dat by de Slach by Gibraltar kaptein Teunis Woltersz der by wie mei it skip ''De Friesche Pinas''. It is net witten hoefolle- en hokker manlju en hoefolle kannonnen dit skip hie. Dat mei it oanmeunsterjen by de Admiraliteit te Dokkum in soad jild te fertsjinjen wie, docht bliken út it de folgjende passaazje út de notulen fan in gearkomst fan de Steaten Generaal, dêr't dizze kaptein om beleaning freget fanwegen de moed dy't er sjen litten hat: ''Kaptein Thoenis Woltersz. vraagt bij rekest betaling van f. 50,= die hem 17 December 1609 zijn toegewezen voor betoonde moed in de slag bij Gibraltar, voorts voorschrijven aan de Adm.v.Dokkum om hem weer in dienst te nemen en in tussen toekenning van een traktement. De Staten besluiten de Adm te schrijven dat zij Woltersz de f. 50,= moet uitbetalen en hem bij de eerste vacature weer in dienst te nemen. Voorlopig zal hij een extra-ordinaris traktament van f. 12,= ontvangen, als blijkt dat hij werkelijk dienst doet.[''4]freget troch it yntsjinjen fan in skriftlik fersyk in betelling fan f. 50,= dy't him op 17 desimber 1609 tawizen wurden is foar syn koeraazje yn de Slach by Gibraltar, fierders is foarskreaun oan de Adm.f.Dokkum om him wer yn 'e tsjinst te nimmen en wilens in traktemint ta te kennen. De Steaten beslute de Adm te skriuwen dat hja Woltersz de f. 50,= útbetelje moat en him by de earste fakatuere wer yn tsjinst te nimmen. Foarriedich sil er in ekstra-ordinaris traktemint fan f. 12,= krije, as bliken docht dat er syn wurk fierder oppakt.'' == De Admiraliteit yn 'e Slach by Duins == Yn 1626 waard de Fryske Admiraliteit frijsteld fan de levering fan seis oarlochsskippen. Dat wie mooglik in teken dat it bestjoerlik en finansjeel net hielendal goed gong yn Dokkum. De Admiraliteit die wol mei oan in aksje om de Iems en de Jade te blokkearjen ûnder lieding fan [[Maarten Harpertszoon Tromp]]. Dêrby feroveren de Friezen sels de frijbûtser ''Du Mortier''. Yn 1639 makke de Admiraliteit trije skippen en fjouwer jachten ree foar de Republyk. In wykmannich foar de Slach by Duins waard in roeifregat, reemakke troch de Fryske Admiraliteit, ûnder lieding fan kaptein Joris Pieters van der Broeck op ferkenning stjoerd. Nei't hy syn ferhaal dien hie by Admiraal Tromp waard besletten om mei in Nederlânske float fan 29 skippen de striid oan te gean mei 67 Spaanske skippen. Ien fan de grutste skippen ûnder lieding fan Tromp wie in fregat mei 70 man en 22 kanonnen ûnder liedin fan de Fryske kaptein Tjaard de Groot. Yn de striid waard Van den Broeck nei Calais stjoerd om in nije foarrie buskrút te heljen foar it flaggeskip fan Tromp. Yn de slach sels slagge it Van den Broeck om in Spaansk galjoen mei 140 man en 18 stikken geskut te feroverjen. Yn de jierren nei de Seelslach by Dúntsjerke fan 1639 oppenearre Van den Broeck him ek noch in kearmannich. Yn maaie 1641 ferovere er in Dúntsjerker skip mei 80 man en 12 stikken geskut en yn 1642 ferovere hy mei in skip dat mar 67 man en 10 stikken geskut hie in oar fregat mei 140 man en 20 kanonnen. == Ferhuzing fan Dokkum nei Harns == De Dokkumer haven hie neffens de Fryske admiraliteit de fasiliteiten dy't nedich wienen foar it reemeitsjen fan twa oarlochskippen dy't it Waadgebiet ûnder kontrôle hâlde moasten. Der wienen net mear fasiliteiten om ek noch oare oarlochskippen ree te meitsjen, mar dat fûn de Fryske Admiraliteit ek net nedich. Doe't it ferlet fan grutte oarlochskippen der wol wie waarden oare havens brûkt. Fan 1620 oant 1636 waarden de grutte oarlochskippen fan de Admiraliteit dan ek reemakke yn Amsterdam. Yn 1636 waarden de skippen noch in skoft yn de haven fan Rotterdam lein. Al yn 1631 wienen der yn it Fryske kolleezje minsken dy't har oppenearren oer in ferhuzing nei Harns. De stêd Harns lei op in goed plak om skippen ree te meitsjen wat ek de ferdigening tsjin de fijan sterker meitsje soe. Pas tsien jier letter waard der in kommisje ynsteld dy't in ûndersyk dwaan moast nei de mooglikheden foar de ferhuzing. Op 18 augustus 1643 waard in reglemint opsteld dêr't de wichtichste bepalings foar de ferhuzing yn beskreaun stienen. Op 1 maart 1644 waard it definitive beslút om te ferhúzjen nommen. Yn 'e rin fan 1645 gong de Fryske Admiraliteit oer. De magistraat fan Harns sei ta dat de Admiraliteit de goede fasiliteiten krije soe yn 'harren' stêd. It jild dat nedich wie waard troch de stêd betelle. De Admiraliteit hie lykwols mear bouwurken nedich as tocht waard. Der wie net allinnich ferlet fan romten foar gearkomsten, mar der wie ek ferlet fan pakhuzen en ûnderkommens foar de finzenen. De Admiraliteit krige in gebou oan de súdkant fan de Suderhaven. Der moast tige op oanstean wurde om ek in bouwurk yn de Noarderhaven te krijen. Yn 1653 moast ek noch war dien wurde om in stikmannich pakhuzen yn de omkriten fan de Westertsjerke ta it domein fan de Admiraliteit rekkenje te kinnen. == Ferneamde floatfâden fan de Fryske admiraliteit == *[[Douwe Aukes|Aukes, Douwe]]: *[[Joris Pieters van den Broeck|Broeck, Joris Pieter van]]: *[[Adriaan Brunsveldt|Brunsveldt, Adriaan]]: *[[Hendrik Bruynsvelt|Bruynsvelt, Hendrik]]: ''skout-by-nacht'' *[[Rudolf Coenders|Coenders, Rudolf]]: ''ficeadmiraal'' ([[1665]]) (contracted; show full) [[Kategory:Skiednis]] [[Kategory:Admiraliteit fan Fryslân|Admiraliteitskolleezje]] [[en:Admiralty of Friesland]] [[fr:Amirauté frisonne]] [[nds-nl:Admiraliteit van Frieslaand]] [[nl:Admiraliteit van Friesland]] All content in the above text box is licensed under the Creative Commons Attribution-ShareAlike license Version 4 and was originally sourced from https://fy.wikipedia.org/w/index.php?diff=prev&oldid=567963.
![]() ![]() This site is not affiliated with or endorsed in any way by the Wikimedia Foundation or any of its affiliates. In fact, we fucking despise them.
|