Difference between revisions 575957 and 640554 on fywiki

De '''Mammoetwet''' is in op [[1 augustus]] [[1968]] yn wurking treden wet dy't it fuortset ûnderwiis foar in part fernijde en nije nammen ynfierd waarden en âlde ferdwûnen. De wet krige de bynamme troch frou A.B. Roosjen, lid fan de Twadde Keamer, omdat it sa'n grut gebiet besloech.

Ofskaft waarden bygelyks de beneamingen (M)ULO, Middelbere Skoalle foar Famkes (MMS) en HBS, wylst ek it selsstannige Gymnasium sa goed as ferdwûn út Fryslân; it Steedlik Gymnasium yn Ljouwert en it kristlik gymnasium yn [[Huzum]] bleaunen oer. Nij wienen de nammen MAVO, Ateneum, HAVO en de term Skoallemienskip, dat wol sizze skoallen mei twa of mear fan de neamde ûnderwiistypen.

{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
* {{EvhhF|Mammoetwet}}
}}
[[Kategory:Underwiis]]

[[nl:Mammoetwet]]