Difference between revisions 581807 and 606239 on fywiki[[Ofbyld:Zutphen, Walburgkerk met stadsmuur foto4 2011-02-17 13.43.jpg|thumb|right|280px|''Sint Walburgistsjerke mei stedsmuorre'']] '''Sutfen''' ([[Nederlânsk]]: ''Zutphen'', [[Nedersaksysk]]: ''Zutfent'') is in stêd en [[gemeente]] yn de provinsje [[Gelderlân]] oan de rivier de [[Isel]]. De gemeente hat 46.724 ynwenners (2006) en in oerflak fan 42,26 km², wêrfan 1,79 km² wetter. De skiednis fan Sutfen bestrykt mear as 1700 jier. Yn dy tiid is it útgroeid fan de Germaanske delsetting nei in middelgrutte stêd. De stêd krige stedsrjochten yn de 12e ieu en waard lid fan de [[Hânze]]. It [[Wapen fan Sutfen]] draacht noch altiten de symboalen fan in [[Hânzestêd]]. Yn 2005 is de eardere oanswettende gemeente [[Warnsveld]] fusearre mei Sutfen. == Skiednis == Sutfen ûntstie yn de [[Romeinske tiid]] as [[Germanen|Germaanske]] delsetting op in rivierdunenkompleks. It plak is al mear as 1700 jier kontinu bewenne en is ien fan de âldste stêden fan Nederlân. De namme Sutfen is ûntstien út ''Zuid-venne'', in rivierdunenkompleks tusken sridzige greiden. De delsetting bleau yn de iere [[Midsieuwen]] op it hjoeddeiske [['s-Gravenhof]] bestean, dit yn tsjinstelling ta in soad oare wenplakken yn de [[Folksferhuzing]]stiid. Nei de ynkorporaasje fan de Iselstreek by it [[Frankyske Ryk|Frankyske ryk]] om [[800]] waard Sutfen in greeflik bestjoerlik sintrum. Yn de lette [[9e ieu]] waaard Sutfen ferwoaste by [[Wytsingen|wytsingoanfallen]], wêrnei’t oan de ein fan dy ieu in rûne [[ringwâl]] makke waard mei trije grêften der omhinne: in 20 meter brede U-foarmige grêft, in spitse smelle grêft derbûten en op 11 meter hjirbûten in tredde V-foarmige grêft, dizze lêste wie 5 meter breed en 2 meter djip. De loop fan de merken Groenmarkt, Houtmarkt en Zaadmarkt binnen noch in diel fan dy eardere ringwâl en grêft. Yn de midden fan de 11e ieu Waard Sutfen in skoft in foarstlike residinsje en waard der in [[Palts (gebou)|palts]] boud mei in grutte [[kapittel]]tsjerke, de hjoeddeiske Sint Walburgistsjerke. Sûnt 1046 wie de biskop fan Utert lânheare fan it Sutfenske greefskip en de burch. Yn de rin fan de lette 11e ieu en de iere [[12e ieu]] wisten de greven fan Sutfen hieltiten mear macht nei har ta te lûken. Under de Gelderske greven waard de [[greeflike stêd]] (sûnt [[1138]] troch houlik yn Gelderske hannen komd) hurd grutter en ekonomysk wichtiger. Greve [[Hindrik I fan Gelre en Sutfen]] (1138-1181) liet om in nije delsetting fan hannelers en ambachtslju bûten de de ringwâlburch in nije wâl oanlizze. De wâl hie twa [[dowestien]]nen poarten en sân of acht tuorren fan deselde út Dútslân oanfierde stiensoarte. Dat joech de stêd de alluere fan de biskoplike stêden [[Dimter]] en [[Utert (stêd)|Utert]]. Yn dit stedsgebiet fêstige de greve in eigen hof dat yn 1293 skonken waard oan de [[Dominikanen]]. [[Ofbyld:2007-01-23 11.42 Zutphen, Berkelpoort foto1.JPG|left|thumb|220px|''Berkelpoarte'']] Dizze lokaasje lei goed op de kaart by de keaplju, en Sutfen groeide hurd en waard ien fan de [[Hânzestêd|Hânzesteden]]. Tusken 1191 en 1196 krige Sutfen [[stedsrjochten]] tawiisd troch greve [[Otto I fan Gelre|Otto]] fan [[Hartochdom Gelre|Gelre]] (1181-1207). In soad Gelderske stêden (wêrûnder [[Arnhim]], [[Doesburg]], [[Doetinchem]], [[Hurderwyk]], [[Lochem]] en [[Hattem]], mar net [[Nymwegen]], [[Zevenaar]] en [[Huissen]]) ûntlienden harren letter ferliende stedsrjochten oan dy fan Sutfen. De stêd waard ommuorre yn de [[13e ieu]] en útwreide meid e yn de 13e ieu troch de greve stiften [[Nijstêd (Sutfen)|Nijstêd]]. Yn [[1284]] wie der yn Sutfen in grutte stedsbrân. Sutfens “Gouden ieu” wie de [[14e ieu]]. Sutfen waard de haadstêd fan it [[Greefskip Sutfen]]. De stêd die ûnder mear mei oan de [[Eastseehannel]]. By de [[pest (sykte)|pestepidemy]] yn 1349 waarden alle [[Joaden|joadske]] ynwenners fan Sutfen, en ek dy fan de oare stêden oan de Isel [[Pogrom|fermoarde]]. Men miende dat de joaden efter de epidemy sieten; sy soenen it wetter fergiftige hawwe. De werklike oarsaak dat der ûnder de joaden minder slachtoffers foelen wie dat se strange, troch harren leauwe foarskreaune hygiënyske regels hantearren, sa as it geregeld hanwaskjen. Sutfen hat yn inkele hûnderten jierren it steedlike [[muntrjocht]] hân. Mar aktyf muntsjen is der mar yn fjouwer perioades: 1478-1480, 1582-1583, 1604-1605 en 1687-1692. Yn eardere perioades is ek troch Sutfenske greven munte (Otto I de Rike, sa. 1070-1090 en Hindrik I, sa. 1150-1181, en Otto I (1181-1207), en letter troch de hartoggen fan Gelre (1499) en de provinsje 1582-1583)). De [[16e ieu]] brocht minne tiden foar Sutfen troch de opkomst fan oare stêden en de [[Tachtichjierrige Oarloch]] mei de Spanjerts. Nei de roerige [[Gelderske Oarloggen]] yn de earste desennia fan de 16e ieu waarden de [[festingwurken fan Sutfen]] modernisearre, mar dat mocht net bate. Op 10 juny 1572 waard de [[Ynname fan Sutfen (1572)|stêd ynnomd]] troch in sweager fan [[Willem fan Oranje]], greve Willem fan den Berg. Hy ferdreau de Spanjerts, dy’t lykwols op [[17 novimber]] [[1572]] de stêd ûnder [[Fadrique Álvarez de Toledo|Don Frederik]], de soan fan de hartoch fan Alva, weromferoveren en hûnderten ynwenners eksekutearren, de '[[Moarderij fan Sutfen]]'. [[Ofbyld:Zutphen (1649).jpg|thumb|right|220px|''Kaart fan Sutfen yn 1649'']] Der folgen jierren fan wikseljende besetting en belegeringen. It grutste diel fan de befolking gie fuort of waard fermoarde. Yn [[1591]] waard de stêd opnij ferôvere troch [[Maurits fan Oranje|Maurits fan Nassau]], by it [[Belis fan Sutfen (1591)|Belis fan Sutfen]]. Dêrnei wie Sutfen lange tiid [[festingstêd]] en [[garnisoensstêd]]. Yn [[1672]] ([[Rampjier]]) waard Sutfen ferovere troch it Frânse leger. De Walburgistsjerke waard fannijs ynrjochte foar de katolike earetsjinst, mar waard nei it ôftsjen fan de Frânsken weromjûn oan de protestanten. Koart nei 1700 waard de [[Festing (ferdigeningswurk)|festing]] Sutfen útwreide nei ûntwerp fan [[Menno fan Coehoorn]] en oan de ein fan de [[18e ieu]] útwreide mei de lynjes fan Wambuis en Hoorn. Der kaam in nije gurdle fan [[lunet]]ten en [[List fan faktermen yn de festingboukunde#H|hoarnwurken]] dy’t it fijanlik geskut noch fierder fan de stâd hâlde moasten. Sutfen wie hûnderten jierren lang ynklamme yn har festingwurken. De befolking groeide stadichoan fan 7500 ynwenners yn 1795 nei mear as 15.000 yn 1860 op mar 40 hektare grûn binnen de muorren. De romtegroei begûn pas wer doe’t yn [[1874]] de festing Sutfen opheft waard, en de muorren om de stêd weihelle wurde koenen. Inkele dielen fan de festingwurken binne noch sichtber, lykas it [[Boergonjebolwurk]] ian de Iselkaai, ek bekend as 'de Bult fan Ketjen'. Tsjintwurdich binne yn it sintrum fan Sutfen noch in soad spoaren út dizze tiid te finen, lykas de ommuorring: de [[Drogenapstoer]] út 1444, de [[Boergonjetoer]] út 1457 de [[Krûdtoer (Sutgen)|Krûdtoer]] fan begjin 14e ieu, de Spaanske Poarte (in [[barbacane]]-foarpoarte fan de âlde Nijstêdspoarte út 1537) en ferskate [[Wâltoer (festingwurk)|wâltuorren]] oan de Bornhovestrjitte en Armenhage (13e ieu). Dêrneist binne der ek noch grutte stikken stedsmuorre te finen, wêrûnder in stik by de Drogenapstoer, en in stik by de [[Berkelpoarte (Sutfen)|Berkelpoarte]] út it begjin fan de 14eieu mei resten fan twa wâltuorren. De midsieuske binnenstêd fan Sutfen herberget efter de faak jongere gevels in soad bakstienen huzen út de lette Midsieuwen. Meardere tsientallen datearje sels oant en mei de kapkonstruksje fan foar 1400. Der binne trije midsieuske tsjerken en resten fan ferskate kleasters en hospitalen. Yn [[1927]] waard it Wynhûsfûns oprjochte, dat sûnttiid mear as 80 panden opkocht hat en restaurearre. Restaurearre pânen wurde ferhierd; de opbringst wurdt wer brûkt om oare gebouwen te restaurearjen. == Geografy == [[Ofbyld:Zutphen_6.20044E_52.13416N.jpg|thumb|220px|''Satellytfoto Sutfen en omkriten'']] === Topografy === Sutfen leit yn it noarden fan de provinsje Gelderlân. De stêd leit oan de rivier de [[Isel]] oan de mûning fan de [[Berkel (rivier)|Berkel]]. Yn guon gefallen wurdt Sutfen ta de streek de [[Achterhoek]] rekkene, dit is lykwols lang net altyd sa. Omlizzende plakken binne [[Apeldoorn]], [[Arnhim]], [[Doesburg]], [[Doetinchem]] en [[Dimter]]. === Bysûndere bouwurken en pleinen === Troch it grutte oantal histoaryske gebouwen mei in toer wurdt Sutfen ek wol oantsjutten as “Toerstêd'''. De titel Toerstêd wurdt faak brûkt yn reklame uteringen om toeristen te lûken. Omdat der yn it sintrum net folle heechbou stiet binne de histoaryske toerspitsen fan ûndersteande gebouwen goed sichtber en foarmje sa de ''skyline'' fan Sutfen. ==== Religieuze arsjitektuer ==== [[Ofbyld:Zutphen, Walburgkerk foto6 2011-02-17 13.50.jpg|thumb|220px|right|''[[Walburgistsjerke (Sutfen)|Walburgistsjerke]]'']] De ''[[Walburgiskerk (Sutfen)|Walburgistsjerke]]'' waard stifte en boud as Romaanse kapitteltsjerke omtrint 1050, ferboud yn romano-goatyske Keulse styl yn 1200-1270, dêrnei fergrutte yn de 14e, 15e en iere 16e ieu ta in grutte hallentsjerke, in foarbyld fan rike Nederrynske goatyk. Yn de toer hingje seis klokken dy’t noch altyd mei de hân lieden wurde, op sneontejûn fanôf 18.00 oere en foar de tsjerketsjinsten. Yn de fiering hinget it Angelusklokje, dat alle dagen te hearren is.<br /> By de tsjerke heart sûnt 1561 de [[Librije]], in bibleteek mei 750 âlde [[foliant]]en dy’t fêstketene binnen op ieuwenâlde lektrinen, lesseners, om diefstal te foarkommen. Neist de Librije binne der noch mat twa oare 'kettingbibleteken' bewarre bleaun, yn it Italjaanske [[Cesena]] en it Ingelske [[Hereford (Ingelân)|Hereford]]. De Librije is stichte as in ‘iepenbiere’ bibleteek foar begoedige Sutfeners, en tsjintwurdich in wichtige kolleksje fan benammen 15e-17e-ieuske boeken. De ''[[Broederentsjerke (Sutfen)|Broederentsjerke]]'' is in grutte ier-14e-ieuske kleastertsjerke fan de [[Dominikanen|Dominikaner oarder]] (predikhearen). De Broederentsjerke is tsjintwurdich yn gebrûk as Iepenbiere Bibleteek, en is yn resinte jierren útwreide restaurearre. Op de tsjerke stiet in dakrutertuorke út 1771, wêryn it poartersklikje hinget dat noch altiten liedt tusken 21.50 en 22.00 oere wêrnei’t (oant 1853) de poarten fan de stêd sluten waarden. Ek liedt de klok alle dagen inen minút om 18.00 oer ta betinking fan de fallenen yn de [[Twadde Wrâldoarloch]]. De ''[[Nijstêdstsjerke]]'' húsfêstet no de [[Rooms-katolike Tsjerke|katolike]] Sint Johannes de Doper, yn de [[Midsieuwen]] bekend as Us Leaffrou op de Nijstêd. Stifte as [[parochystjerke]] omstreeks 1250 fan de nije stêdsstifing. De âldste kearn (middenskip) mei ûnderste diel fan de toer datearret út de lette 13e ieu. Utwreidingen barden tusken 1439 en 1442 (ferheging en [[nuddelspits]] toer), 1455-1459 (koar) en 1480 en 1530 (ferbouwing ta [[hallentsjerke]] mei noarder- en súdersideboek). It is de ienige tsjerke mei fjouwer orizjinele midsieuske liedklokken. ==== Sivile arsjitektuer ==== [[Ofbyld:2006-06-09 11.46 Zutphen, kerk op het centrale plein.JPG|thumb|220px|right|''[[Wynhûstoer]]'']] De ''[[Drogenapstoer]]'' is boud yn 1444-1446 as stedspoarte (Saltpoort = sâltpoarte) en waard yn 1465 wer tichtmitsele; sûnttiid stiet hy bekend as toer ynstee fan as poarte. Stedsmuzikant Tonis Drogenap wenne der om 1555 en joech de toer syn hjoeddeiske namme. Fan 1888 tot 1927 wie de Drogenapstoer yn gebr6uk as wettertoer. De ''[[Wynhûstoer]]'' is de toer fan it Wynhûs (waach, herberch, stedswacht en wynhûs), fasearre boud tusken 1618 en 1642 troch stedsboumaster Emond Hellenraet ûnder ynfloed fan [[Hendrick de Keyser]]. Yn 1644 makken de bruorren [[Pieter en François Hemony]], waans atelier doe yn Sutfen stie, foar dizze toer it earste suver stimde karriljon yn de wrâld. De Stichting "Freonen fan it Kariljon" organisearret yn de simmermoannen in rige fan konserten. De ''Boergonjetoer'' is in geskutstoer út 1457 mei muorren fan hast fjouwer meter dik, boud yn de Geldersk-Boergonjeske oarloch. Dûmny [[Jan Floris Martinet|Johannes Florentius Martinet]] skreau om 1770 hinne yn it út 1741 datearjende teekoepeltsje syn wrâldferneamde ''Katechismus der Natuur''. De ''[[Berkelpoarte (Sutfen)|Berkelpoarte]]'' is ûnderdiel fan de stedsmuorre, oan de eastlike kant fan de midsieuske stêd. Poarte oer it rivierke de [[Berkel (rivier)|Berkel]]. De wetterpoarte ferbynt de âlde stêd en de Nijstêd en is boud om1320. It waard yn de Midsieuwen 'Bovenberg' nemd. De westlike tsjinhinger waard yn 1772 sloopt. ==== Fierders it besjen wurdich ==== * Oan de Groenmarkt, Houtmarkt en de Zaadmarkt stiet in oantal steatlike huzen. Hjir wennen yn de 18e en 19e ieu begoedige boargers en keaplju. * Yn de uterwaarden fan de Isel stiet de ienige [[Wynmotor Sutfen|Amerikaanse wynmotor]] fan de provinsje Gelderlân. === Musea === Sutfen hat in oanta musea, wêrûnder: * it Grafysk Museum Sutfen, mei in komplete [[drukkerij]] fan om de foarrige ieuwikseling ynklusyf in hân[[boekbinerij]] te finen is. * it [[Museum Henriette Polak]], in museum foar Nederlânske figurative keunst út de tweintichste ieu, ferneamd nei [[Henriëtte Polak-Schwarz]] * it Steedlik Museum Sutfen, in kultuerhistoarysk museum dat de skiednis fan de stêd Sutfen en omjouwing yn byld bringt. === Eveneminten === * Yn maaie is alle jierren de Maaiemerk * Elke simmer wurde op fjouwers woansdeis efter elkoar de Simmerfeesten hâlden, mei muzykpoadia (rock, dance ensfh.) troch it hiele sintrum. Op de tredde dei fan de Simmerfeesten is der tradysjoneel amateurhurdfytsen op in parkoers troch it sintrum. * Yn augustus is de jierlikse Keunstmerk. * Begjin septimber komme [[dweilorkest]]en nei de Sutfenske Dweildei, om op meardere plakken yn it sintrum te spyljen. * Op de tredde snein fan septimber is it Sukelarjefestival. Dan is der fan alles te sjen oer Sûkelarje, lykas bonbonmeitsje, siede mei sûkelarje, skilderje en byldhouwe mei sûkelarje. Der wurdt sels sûkelarjebier broud en by de horeka binne ferskillende gerjochten te krijen dy’t tamakke binne mei sûkelarje. Dit alles wurdt omliste mei myzyk en optredens fan artysten. * Der is yn oktober in jierlikse nasjonale [[bokbier]]dei. De merk fan Sutfen is dan ien grut kafee mei alderlei soarten bokbier. Tsjintwurdich hat ek de Hânze-stêdsbrouwerij fan Sutfen syn eigen bokbier. === Sport === Op 31 augustus 2009 is de twadde etappe fan de [[Omgong fan Spanje 2009|Omgong fan Spanje]] yn Sutfen fan start gien. Ien fan de lokale sportferienings is tafeltennisklup [[TTV Torenstad]], dat yn 1984 lânskampioen waard en meardere kearen de nasjonale beker wûn. == Antroposofyske stêd == Sûnt de komst fan in [[antroposofy]]ske hûsarts yn 1953 is de stêd mear en mear in sintrum fan de atroposyske beweging yn East-Nederlân wurden. Sa’n 10 -tot 15 % fan de ynwenners is antroposoof of fielt him ta de antroposofyske beweging oanlutsen. Sutfen hat him ûntwikkele ta in [[Rudolf Steiner|Steiner]]-stêd mei trije legere skoallen, twa middelbere skoallen en in beropsplieding op antroposofyske basis ([[frije skoalle]]n). Fierders binne der antroposofyske winkels, tehuzen en in grut oantal alternative genêzers fêstige. Sutfen hat in antroposofyske wenwyk mei nei bekende antroposofen neamde strjitten. Sels it stedhûs is troch in antroposofyske arsjitekt ferboud. Yn 2003 kaam boargemaster [[Arnold Gerritsen]] mei it idee om de stêd it taheaksel ''antroposofyske stêd'' te jaan as oanfolling op it âlde ''Sutfen justysjestêd''. == Polityk en bestjoer == [[Ofbyld:gemeentehuis zutphen1.jpg|thumb|220px|''Gemeentehûs (âlde festiging)'']] === Rjochtspraak === Sutfen is hjoed de de in wichtich juridysk sintrum. In [[rjochtbank]], it opliedingsynstitút foar de rjochterklike macht (Stúdzjesintrum Rjochtspleging; SSR), regionaal opliedingssintrum en (praktyk)trainingssintrum foar de plysje, de plysje-akademy (foar resjersjeurs) en in ynternasjonaal plysje-konferinsjesintrum yn Huis 't Velde (yn Warnsveld, 2 km fan Sutfen), [[JPC De Sprengen]] (jeugdige delinkwintenten) en de Penitinsjêre Ynrjochting Ooyerhoek (mearderjierrige delinkwinten), ûnderdiel fan PI Achterhoek. Dêrneist draacht de oanwêzichheid fan in soad ûndersteunende tsjinsten en in grut oantal abbekatekantoaren by oan de namme fan Sutfen op duit mêd. == Ferfier == [[Ofbyld:Station Zutphen.JPG|thumb|220px|''[[Stasjon Sutfen]]'']] [[Stasjon Sutfen]], dêr’t 12 treinen yn it oere wei ride, is in wichtich spoarweiknooppunt. Der ride twa treinen yn it oere nei [[Winterswijk]], [[Hengelo (Oerisel)|Hengelo]]-[[Oldenzaal]], Dimter-[[Swol]], [[Apeldoorn]], en fjouwer treinen yn it oere nei [[Arnhim]]-[[Nymwegen]]. Sutfen leit sa’n tsien kilometer ten suden fan de [[Rykswei 1|A1]], ûnder Dimter, en is in knooppunt fan provinsjale wegen: de [[Provinsjale wei 348|N348]] (Arnhim-Sutfen-Dimter-[[Ommen]]), [[Provinsjale wei 345|N345]] (Apeldoorn), [[Provinsjale wei 346|N346]] (Hengelo), [[Provinsjale wei 314|N314]] ([[Doetinchem]]), [[Provinsjale wei 314|N319]] (Winterswijk) en [[Provinsjale wei 826|N826]] ([[Laren (Gelderlân)|Laren]]). Binnen de stêd binne in oantal stedsbuslinen, wêrfan de eksploitaasje yn hannen leit fan [[Syntus]]. Neist stedsbuslinen 80, 83 en 89 fersoargje ek lokale bussen lykas line 81 (Sutfen - Eefde - Gorssel - Dimter) en line 54 (Sutfen - Eefde - Almen - Laren) iepenbier ferfier foar benammen de noardlike dielen fan Sutfen. == Bestjoerlike yndieling == Inkele jierren lyn hat de gemeente Sutfen de yndieling fan de wiken folslein feroare troch wiken gear te foegjen en oare nammen te jaan. Sa is de wyk 'Noordveen' ûntstien wêrtroch’t de hiele noardlike stêd mei û.o. it Dimterweikertier en Voorsteralleekertier falle soe. De grutte mearderheid fan de Sutfeners hat lykwols noch nea fan it begryp 'Noordveen' heard. Tusken it sintrum en [[Hoven (Sutfen)|De Hoven]] leit de rivier de Isel; dochs binne dizzze wiken ta in 'wyk' kombinearre. Warnsveld, in apart doarp, wurdt troch de gemeente no as 'wyk' rekkene. === Tradysjonele wykyndieling === * Sintrum * [[Leesten]] * Zuidwijken * De Hoven * Dimterweikertier * Steatsliedenkertier (ynklusyf seeheldenbuert) * Komponistenbuert (Helbergen) * Warnsveldseweikertier * De Mars * Voorsteralleekertier === Wykyndieling 2010 === * Sintrum/De Hoven * [[Leesten]] * [[Noordveen (Sutfen)|Noordveen]] * [[Wetterkertier (Sutfen)|Wetterkertier]] * Súdwiken It doarp Warnsveld hat in aparte status mei in eigen doarpsried (doarpsried Warnsveld). === Oare kearnen === * [[Warnsveld]], sûnt 1 jannewaris 2005 ûnderdiel fan de Gemeente Sutfen, plm. 9000 ynwenners * [[Bronsbergen]], lyts buorskip ten suden fan Sutfen op in rivierdunekompleks oan de Isel. * [[Warken (Sutfen)|Warken]], ten easten fan it doarp Warnsveld; lyts buorskip == Bekende ynwenners == === Berne === * [[Koenraad van Zutphen]] (11e ieu), hartoch fan [[Beieren]] * [[Gerard Zerbolt van Zutphen]] (1367-1398), teolooch, auteur [[Moderne devoasje|Modern Devoat]] * [[Samuel Pitiscus]] (30 maart 1637), skiedskriuwer ( † 1 febrewaris 1727 yn Utert) * [[B.H. Lulofs]] (1787), skriuwer en dichter ( † 1849, Grins) * [[W.J. Thieme]] (9 maart 1805), boekhanneler en [[útjouwer]], ( † 7 april 1867 te Sutfen) * [[Jacob Dirk van Herwerden]] (1806), keunstskilder ( † 1879 te De Haach) * [[Jacob Dam]] (8 oktober 1824), abbekaat-prokureur en politikus (û.o. wethâlder fan Sutfen, † 29 juny 1875 yn Bad Neuenahr Duitsland) * [[Willem Thieme]] (25 july 1834), boekhanneler en [[útjouwer]], ( † Java) * [[Willem-Jan Holsboer]] (23 augustus 1834), oprjochter fan de [[Rhätische Bahn]] (RhB), grutste partikuliere spoarûndernimming fan Switserlân ( †1898, Davos, Switserlân) * [[Theo Mann-Bouwmeester]] (19 april 1850), aktrise († 18 april 1939) * [[Jan Brandts Buys]] (12 septimber 1868), Nederlânsk-Eastenryksk komponist ( † 1933) * [[Margo Scharten-Antink]] (7 septimber 1869), skriuwster († [[Florâns]], 1957) * [[Marius Adrianus Brandts Buys jr.]] (29 novimber 1874), musikus en dirigint († 1944) * [[Lambertus Doedes]] (4 july 1878), siler en medaljewinner [[Olympyske Simmerspullen 1928|Olympyske Spullen 1928]] ( † 17 maaie 1955 te Den Haach) * [[Henriëtte Polak-Schwarz]] (7 novimber 1893), [[Humanisme|humanistysk]] bestjoerder, firmant en [[mecenas]] ( † 12 april 1974 te Amsterdam) * [[Joop Westerweel]] (25 novimber 1899), fersetsstrider ( † 11 augustus 1944 te Vught ) * [[C.E. Pothast-Gimberg]] (19 jannewaris 1900), berneboekeskriuwster ( † 15 novimber 1975, Snits) * [[Jo Spier]] (26 juny 1900), tekener, yllustrator ( † 21 maaie 1978, Santa Fe, VS) * [[Tetje Heeringa]] (14 maart 1905), sosjaal-geografe ( † 19 febrewaris 1995, Renkum) * [[Dolf van der Scheer]] (18 april 1909), langebaanhurdrydster ( † 31 augustus 1966) * [[Gerrit Willem Kastein]] (25 juni 1910), arts en fersetsheld ( † 1943, Den Haag) * [[Robert van Gulik]] (9 augustus 1910), diplomaat en auteur ( † 24 september 1967, Den Haach) * [[Jan Frederik Hartsuiker]] (26 augustus 1913) jurist ( † 2003, Amsterdam) * [[Willem Wittkampf]] (13 augustus 1924),sjoernalist, ynterviewer, auteur ( † 1992 te Amsterdam) * [[Herman Kip]] (2 febrewaris 1925), boer en keunstskilder ( † 1 jannewaris 2006 te Sutfen) * [[Willy Lohmann]] (7 maaie 1936), striptekener * [[Jan Rozeboom]] (1945), byldzjend keunstner ( † 6 jannewaris 1982 te Filiatra yn Grikelân) * [[Marlous Fluitsma]] (12 desimber 1946), aktrise * [[Jos Alberts]] (24 jannewaris 1960), (prof)hurdfytser * [[Hester Macrander]] (10 desimber 1960), kabaretiêre * [[Paul de Krom]] (10 febrewaris 1963), politikus, [[Twadde Keamer]]lid [[VVD]] * [[Inge Diepman]] (19 septimber 1963), televyzjepresintatrise by de VARA * [[Hans Mirck]] (8 april 1970), dichter * [[Mitchell van der Gaag]] (22 oktober 1971), eks-fuotballer, no fuotbaltrener * [[Hendrik Jan Lovink]] (7 jannewaris 1973), muzikant en oprjochter fan [[Jovink en de Voederbietels]] * [[Reinder Hendriks]] (26 april 1973), eks-fuotballer [[BV De Graafschap|De Graafschap]] en [[Willem II (fuotbalklup)|Willem II]] * [[Henri Schoeman]] (1983), judoka * [[Mirte Roelvink]] (23 novimber 1985), fuotbalster ==== Unbekend ==== * [[Ludwig van Beethoven]] (augustus 1772), komponist. Sûnt 1836 giet it ferhaal dat hy de tredde Ludwig wêze soe, berne yn 1772, en de doopakte fan in ferstoarn broerke (* [[Bonn]] 1770) meikrigen hawwe soe, wylst syn âlden op dat stuit yn Sutfen wienen. Hjiroer skereau de hear van Marsdijk in brief nei de boargemaster fan Bonn. It ferhaal is lykwols nea bewiisd. === Wenjend yn Sutfen (west) === * [[Henk Kamp]], politikus en eks-minister * [[Harm Edens]], presintator en komeedzjeskriuwer * [[H.C. ten Berge]], skriuwer * [[Marleen de Pater-van der Meer]], politika en Twadde Keamerlid * [[Rico Bulthuis]] (1911-2009), skriuwer, poppespiler, yllustrator * [[Annelies Verstand-Bogaert]], politika, âld-[[boargemaster]] fan Sutfen en eks-steatssekretaris fan Emansipaasjesaken. * [[Henk Koenders]], fuotballer by [[BV De Graafschap]] en [[Go Ahead Eagles]] * [[Mirjam Hooman-Kloppenburg]], tafeltennisspylster * [[Arnold Gerritsen]], boargemaster Sutfen * [[Kees Luesink]], boargemaster Doesburg * [[Annie Brouwer-Korf]], politika en boargemaster * [[Jan Jacob Roeters van Lennep]], boargemaster * [[Wim van der Meij]], etser, keunstner * [[Dina Braaksma]], keunstneresse bekend fan stiendruk Poddestuollen (1947) * [[Nina Hoekman]], damkampioen * [[Jan Fokkelman]], literêre hebraïkus * [[Juan Baptista de Tassis]], Spaansk kolonel en gûverneur == Ferstoarn yn Sutfen == * [[Philip Sidney]] op 17 oktober 1586, gedichteskriuwer, Londen * [[W.J. Thieme]], 7 april 1867, boekhanneler en [[útjouwer]] * [[Uri Nooteboom]], 12 april 1945, haadredakteur De Gelderlander, skriuwer * [[Paul Rodenko]] ,9 juni 1976, dichter, kritikus, essayist en oersetter * [[Rico Bulthuis]] (1911-2009), skriuwer, poppespiler, yllustrator * [[Jan Jacob Roeters van Lennep]] (1918-2008), boargemaster fan Sutfen * [[Wiet Verschure]] (1924-2009), ûndernimmer, wethâlder fan Sutfen, dykgreve * [[Herman Kip]] (1925-2006), boer en keunstskilder * [[Ferdi Elsas]] (1942-2009), krimineel {{Boarnen|boarnefernijing= * [http://www.kijkopzutphen.nl Kijk op Zutphen] (in soad ynfo en foto’s) }} == Fotogalerij == <gallery perrow="3" > Ofbyld:Zutphen.jpg|''Sutfen en de Sint Walburgstsjerke'' Ofbyld:Berkelpoort_Zutphen_1.jpg|''Berkelpoarte'' Ofbyld:Rechtbankzutphen1.jpg|''Rjochtbank Sutfen: entreegebou'' Ofbyld:BourgonjeToren.jpg |''Boergonjetoer'' Ofbyld:Ijsselkade.jpg |''Iselkaai by jûn'' Ofbyld:WalburgkerkAvond.jpg |''Sint Walburgstsjerke'' Ofbyld:Sutfen 95.JPG| Ofbyld:Sutfen uterwaard 91.JPG| Ofbyld:Sutfen uterwaard 90.JPG| Ofbyld:Sutfen stasjon 99.JPG| Ofbyld:Sutfen Rjochtbank 09.JPG|''Rjochtbank'' Ofbyld:Sutfen oerbliuwsel poarte 01.JPG| Ofbyld:Sutfen gemeentehûs 17.JPG|''Gemeentehûs'' Ofbyld:Sutfen jachthaven oan de Isel 12.JPG| Ofbyld:Sutfen 93.JPG| Ofbyld:Sutfen 92.JPG| Ofbyld:Sutfen 89.JPG| Ofbyld:Sutfen 15.JPG| Ofbyld:Sutfen 08.JPG| Ofbyld:Sutfen 07.JPG| Ofbyld:Sutfen 05.JPG| Ofbyld:Sutfen 06.JPG| Ofbyld:Sutfen 04.JPG| Ofbyld:Sutfen 03.JPG| Ofbyld:Sutfen 00.JPG| Ofbyld:Sutfen Grafysk Museum 16.JPG|''Grafysk Museum'' </gallery> {{Koördinaten|52_8_0_N_6_12_0_E_type:city_region:NL|52°8' NB, 6°12' EL}} [[Kategory:Sutfen| ]] [[Kategory:Plak yn Sutfen]] [[Kategory:Hânzestêd]] [[af:Zutphen]] [[be:Горад Зютфен]] [[ca:Zutphen]] [[da:Zutphen]] [[de:Zutphen]] [[en:Zutphen]] [[eo:Zutphen]] [[es:Zutphen]] [[et:Zutphen]] [[eu:Zutphen]] [[fr:Zutphen]] [[hy:Զուտֆեն]] [[hu:Zutphen]] [[id:Zutphen]] [[it:Zutphen]] [[ja:ズトフェン]] [[jv:Zutphen]] [[li:Zutphen]] [[ms:Zutphen]] [[nds:Gemeen Zutfent]] [[nds-nl:Zutfent]] [[nl:Zutphen]] [[no:Zutphen]] [[pl:Zutphen]] [[pt:Zutphen]] [[ro:Zutphen]] [[ru:Зютфен]] [[simple:Zutphen]] [[sq:Zutphen]]⏎ [[stq:Zutphen]] [[sv:Zutphen]] [[tr:Zutphen]] [[uk:Зютфен]] [[vi:Zutphen]] [[vo:Zutphen]] [[war:Zutphen]] [[zh:聚特芬]] All content in the above text box is licensed under the Creative Commons Attribution-ShareAlike license Version 4 and was originally sourced from https://fy.wikipedia.org/w/index.php?diff=prev&oldid=606239.
![]() ![]() This site is not affiliated with or endorsed in any way by the Wikimedia Foundation or any of its affiliates. In fact, we fucking despise them.
|