Difference between revisions 598488 and 647917 on fywiki'''Kloesewier''' wie in delsetting op in terpke likernôch ien kilometer beëasten [[de Feanhoop]] en justjes besuden de [[Wide Ie]]. Op de [[19e ieu]]ske kaart fan [[Wopke Eekhoff|Eekhoff]] wurdt op it plak fan Kloesewier noch in terpke oanjûn, mar de sekuere Topografyske en Militêre Kaart (TMK) fan 1851/55 lit op dat plak neat sjen. Yn 1976 is it terpke [[Argeology|argeologysk]] ûndersocht. Neist de pealgatten fan twa pleatsen út de [[10e ieu|10e-]] of [[11e ieu]] waarden doe ek de fûneminten fan in stiennen tsjerkje, op in sânfûnemint yn it fean, bleatlein. Teffens waarden inkelde grêven út de [[11e ieu|11e]] of [[12e ieu]] fûn en in stikmannich putten. De stiennen tsjerke wiist op in selstannich doarp, mei grif mear pleatsen dêrta dan de twa dy't by it ûndersyk fûn binne. Ynklinking fan fean, sâltwinning út leechfean en tichtslykjen fan de [[Middelsee]] sille de oarsaak west hawwe fan it hieltyd wieter wurden fan dizze kontrei en it ferlitten fan dit doarp yn de [[12e ieu|12e]] of [[13e ieu]]. Dit gebiet kaam doe ûnder dat fan [[Boarnburgum]] dat faaks troch migraasje fan west nei east ûntstien is. {{boarnen|boarnefernijing= * {{aut|G. J. de Langen}}, Middeleeuws Friesland (1992). Side 113-124: ferslach ûndersyk 1976. * {{aut|Yuri van Koeveringe}}, ''Archeologie in Fryslân: Van wildernis tot Smallingerland'' (diel 8). Uniepers Utjouwers }} [[Kategory:De Feanhoop]] [[Kategory:Terp]] [[Kategory:Smellingerlân]]⏎ ⏎ [[nl:Kloesewier]] All content in the above text box is licensed under the Creative Commons Attribution-ShareAlike license Version 4 and was originally sourced from https://fy.wikipedia.org/w/index.php?diff=prev&oldid=647917.
![]() ![]() This site is not affiliated with or endorsed in any way by the Wikimedia Foundation or any of its affiliates. In fact, we fucking despise them.
|