Difference between revisions 631744 and 652337 on fywikiDe '''Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Letterdei Hilligen''', is in [[Kristendom|Kristlike]] mienskip, dêr't de leden ek wol ''Mormoanen'' fan neamd wurde. De tsjerke waard op [[6 april]] [[1830]] stiften troch [[Joseph Smith]] yn de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] steat [[New York (steat)|New York]]. [[Ofbyld:Slc mormon tempel.jpg|thumb|right|<small>De Sâlt-Lake-Timpel yn Sâlt Lake City</small>]] == Skiednis == De skiednis fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Letterdei Hilligen begûn yn [[1820]] neidat [[Joseph Smith]] in fisioen krige dêr't er [[Jezus Kristus]] yn seach. Trije jier letter krige hy besite fan in [[ingel]], mei de namme ''Morony'', dy't him fertelde fan gouden platen dêr't de skiednis fan in folk yn gravearre wie dat om 600 f.Kr. fan it âlde [[Jeruzalim]] fuorttein wie en op in seker stuit yn [[Súd-Amearika]] telâne kaam. Dat ferhaal soe de oanwêzigens fan de Yndianen (of 'oarspronklike bewenners fan Amearika') ferklearje op it Amerikaansk kontinint en yn de skiednis. Troch Joseph Smith waarden dizze platen oersetten yn in boek dat de namme "[[It Boek fan Mormon]]" krige. Op basis fan dizze namme krigen de folgelingen fan Joseph Smit letter harren bynamme. De Mormoanske tsjerke waard op 6 april [[1830]] offisjeel organisearre. Neidat de stifting fan Mormoanske tsjerke in feit wurden wie, hie dizze ein 1830 sa'n 280 oanhingers. Yn de jierren dy't dêrop folgen wreide dat oantal stadich út, nettsjinsteande ferfolgings dy't yn fûlens tanamen. Op [[27 juny]] [[1844]] berikten dizze ferfolgings harren hichtepunt doe't Joseph Smith en syn broer Hyrum troch in woedende mannichte om hals brocht wurde. By de Mormomen ûntstie doe in striid oer de opfolging tusken [[Brigham Young]] en Smiths soan. Dit foarfal joech oanlieding ta splitsing fan de mienskip. Op it heden hat de Tsjerke om-ende-by 12,5 miljoen leauwigen, dêr't de helte fan yn de Feriene Steaten wennet. == Namme == Sûnt 1836 wurdt troch de Mormoanen de iepenbiere namme ''De Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Letterdei Hilligen'' brûkt. Troch dizze namme jouwe de Mormoanen dúdlik oan dat sy in Kristlike godstsjinst binne. It wurd "hilligen" slacht net op de Katolike betsjutting mar op it folgeling wêzen fan Kristus. "Letterdei" jout oan dat de Mormoanen leauwe dat wy yn distiid yn de lêste bedeling fan it Evangeelje libje, dat wol sizze: it lêste tiidrek dêr't it Evangeelje yn al syn folheid yn ferkundige wurdt. == Skriftuer == De Mormoanen oanfurdigje fjouwer standertwurken as skriftuer: * De [[Bibel]] * [[It Boek fan Mormon]] * [[De Lear & Ferbûnen]] * [[De Pearel fan Grutte Wearde]] == Skaaimerken == In grut ferskil mei in protte oare tsjerken is dat de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Letterdei Hilligen leauwe yn in trochgeande iepenbiering. Dizze iepenbieringen, dy't oer de hiele wrâld plak fine, kinne allinnich troch dyjinge ûntfongen wurde dy't ta de heechste hiërargy fan de tsjerke hearre. Op elts nivo kin men lykwols iepenbiering krije troch de ropping dy't men ûntfongen hat, foar de húshâlding dêr't men by heart of foar de eigen persoanlike ûntwikkeling. De Tsjerke fan Jezus Kristus is fral bekend wurden om it grutte belang dat hechte wurdt oan famyljebannen. Sy hawwe oer de hiele wrâld in reputaasje op it mêd fan [[sibbekunde|sibbekundich]] ûndersyk. Boppedat hawwe de Mormoanen hjoed de dei de reputaasje tige konservatyf te wêzen wat it houlik en famyljelibben oanbelanget; omdat lykwols de helte fan de leden tsjintwurdich bûten de Feriene Steaten wennet, is dat hiel bot ôfhinklik fan de pleatslike kulturele omstannichheden. De Tsjerke wie destiids foaroprinner yn it oprjochtsjen fan frouljusorganisaasjes oer de hiele wrâld. Noch hieltiten spylje froulju in wichtige rol yn it tsjerkebestjoer. Yn tsjinstelling ta de measte oare Kristlike mienskippen, sjocht de Tsjerke net Israël, mar Amearika as it lân fan 'e belofte. Kristus soe hjir ferskynd wêze, neidat er yn Israël libbe hie. Trouwens, hy soe ek yn in protte oare lannen ferskynd wêze, ûnder oaren yn Japan en Grut-Brittanje. Dochs wurdt ek leaud dat Jezus werom komme sil yn Israël, krektas yn de Bibel foarsein is. Fan [[1852]] ôf wie it mearfâldich houlik ûnder strange betingsten tastien: sa moast de man dy't mear as ien frou trouwe woe oantoane dat er sawol materieel as affektyf foar mear as ien frou en foar de bern dy't der komme soenen soargje koe en wie it nedich de tastimming te hawwen fan de frou mei wa't hy al troud wie. Op it hichtepunt fan dizze praktiken wie om-ende-by 3 % fan de houliken mearfâldich. Op 6 oktober 1890 waard nei lange jierren fan ferfolging troch tsjinstanners fan de Tsjerke fan Jezus Kristus de mooglikheid om meardere houliken te sluten ôfskaft en waard dizze beslissing troch elkenien stipe op in algemiene konferinsje fan de Tsjerke. Allinnich hjirtroch wie it mooglik om de besittings fan de Tsjerke fan Jezus Kristus en har leden net kwyt te reitsjen en foar te kommen dat der beslach op lein waard. Sûnt dy tiid wurdt elts lid dy't him mei [[polygamy]] ynlit út de Tsjerke setten. At no noch praat wurdt oer "Mormoanen" dy polygaam libje, dan binne dat ornaris lju dy't lid binne fan in ôfsplitsing. == Sit == De haadsit fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Letterdei Hilligen is yn [[Salt Lake City]] ([[Utah]]). == Keppelings om utens == * [http://www.lds.org Offisjele site fan de Tsjerke] {{noat|Ingelsk}} * [http://www.kerkvanjezuschristus.nl Offisjele Nederlânske side fan de Tsjerke] * http://www.gensocietyofutah.org/ Mormoanske organisaasje dy't fergees helpt argiven te digitalisearjen foar de [[sibbekunde]]. [[Kategory:Kristlik tsjerkegenoatskip]] [[Kategory:Mormoanen]]⏎ ⏎ [[af:Kerk van Jesus Christus van die Heiliges van die Laaste Dae]] [[an:Ilesia de Chesucristo d'os Santos d'os Zaguers Días]] [[ar:كنيسة يسوع المسيح لقديسي الأيام الأخيرة]] [[ast:Ilesia de Xesucristo de los Santos de los Últimos Díes]] [[bcl:An Simbahan ni Jesukristo nin mga Banal sa Huring-aldaw]] [[bg:Църква на Исус Христос на светиите от последните дни]] [[bs:Crkva Isusa Krista svetaca posljednjih dana]] [[ca:Església de Jesucrist dels Sants dels Darrers Dies]] [[cy:Eglwys Iesu Grist Saint y Dyddiau Diwethaf]] [[cs:Církev Ježíše Krista Svatých posledních dnů]] [[da:Jesu Kristi Kirke af Sidste Dages Hellige]] [[de:Kirche Jesu Christi der Heiligen der Letzten Tage]] [[en:The Church of Jesus Christ of Latter-day Saints]] [[eo:Eklezio de Jesuo Kristo de la Sanktuloj de la Lastaj Tagoj]] [[es:La Iglesia de Jesucristo de los Santos de los Últimos Días]] [[et:Viimse Aja Pühade Jeesuse Kristuse Kirik]] [[eu:Azken Egunetako Santuen Jesukristoren Eliza]] [[ext:Elésia Jesucristu los Santus los Úrtimus Dias]] [[fa:کلیسای عیسی مسیح قدیسان آخر زمان]] [[fi:Myöhempien Aikojen Pyhien Jeesuksen Kristuksen kirkko]] [[fr:Église de Jésus-Christ des saints des derniers jours]] [[gd:Eaglais Iosa Chriost de Naomhan an Latha mu Dheireadh]] [[gl:Igrexa de Xesús Cristo dos Santos dos Últimos Días]] [[he:מורמונים]] [[hr:Crkva Isusa Krista svetaca posljednjih dana]] [[ht:Legliz Jezikri pou Sen Dènye Jou yo]] [[hu:Az Utolsó Napok Szentjeinek Jézus Krisztus Egyháza]] [[ia:Ecclesia de Jesus Christo del Sanctos del Ultime Dies]] [[id:Gereja Yesus Kristus dari Orang-orang Suci Zaman Akhir]] [[io:Eklezio di Iesu Kristo di Lasta-Diala Santi]] [[is:Kirkja Jesú Krists hinna síðari daga heilögu]] [[it:Chiesa di Gesù Cristo dei santi degli ultimi giorni]] [[ja:末日聖徒イエス・キリスト教会]] [[jbo:be'ejda be lei fanmo djedi cespre bei la iecy,ys.krist]] [[ka:უკანასკნელი დღეების წმინდანთა იესო ქრისტეს ეკლესია]] [[ko:예수 그리스도 후기성도 교회]] [[la:Ecclesia Iesu Christi Diebus Ultimis Sanctorum]] [[lad:La Iglesia de Yesukristo de los Santos de los Últimos Dias]] [[li:Kerk van Jezus Christus en de Heilige der letste daag]] [[lv:Pēdējo dienu svēto Jēzus Kristus baznīca]] [[mr:येशू ख्रिस्ताच्या आधुनिक संतांचे चर्च]] [[mwl:Eigreija de Jasus Cristo de ls Santos de ls Redadeiros Dies]] [[nl:Kerk van Jezus Christus van de Heiligen der Laatste Dagen]] [[nn:Jesu Kristi Kyrkje av Siste Dagars Heilage]] [[no:Jesu Kristi Kirke av Siste Dagers Hellige]] [[nov:Eklesie de Jesu Kristo de li Sanktis de li Lasti Dies]] [[oc:Glèisa de Jesucrist des Sants des Darrèri Dies]] [[pdc:Church of Jesus Christ of Latter-day Saints]] [[pl:Kościół Jezusa Chrystusa Świętych w Dniach Ostatnich]] [[pms:Gesia ëd Crist dij Sant dj'ùltim di]] [[pt:A Igreja de Jesus Cristo dos Santos dos Últimos Dias]] [[ro:Biserica lui Isus Hristos a Sfinților din Zilele din Urmă]] [[ru:Церковь Иисуса Христа Святых последних дней]] [[scn:Chiesa di Gesù Cristu dî Santi di l'Ùrtimi Jorna]] [[sh:Crkva Isusa Krista svetaca posljednjih dana]] [[simple:The Church of Jesus Christ of Latter-day Saints]] [[sk:Cirkev Ježiša Krista Svätých neskorších dní]] [[sl:Cerkev Jezusa Kristusa svetih iz poslednjih dni]] [[sm:Lotu Mamona]] [[sr:Црква Исуса Христа светаца последњих дана]] [[sv:Jesu Kristi Kyrka av Sista Dagars Heliga]] [[ty:Te Ekalesia a Iesu Mesia i te Feia Mo‘a i te hau Mahana Hopea nei]] [[to:Siasi Māmonga]] [[tr:İsa Mesih'in Son Zaman Azizler Kilisesi]] [[uk:Церква Ісуса Христа Святих останніх днів]] [[vi:Giáo hội Các Thánh hữu Ngày sau của Chúa Giêsu Kitô]] [[zh:耶穌基督後期聖徒教會]] [[zh-min-nan:Iâ-so͘ Ki-tok Āu-kî Sèng-tô͘ Kàu-hōe]] All content in the above text box is licensed under the Creative Commons Attribution-ShareAlike license Version 4 and was originally sourced from https://fy.wikipedia.org/w/index.php?diff=prev&oldid=652337.
![]() ![]() This site is not affiliated with or endorsed in any way by the Wikimedia Foundation or any of its affiliates. In fact, we fucking despise them.
|