Difference between revisions 633816 and 659478 on fywiki

[[Ofbyld:Sydney Opera House Sails.jpg|thumb|Teater yn Sidney, Austraalje]]
It '''teaäter''' is in bouwurk mei in romte dêr't besikers plak nimme kinne yn ien fan de rigen mei sitplakken, om nei in [[toaniel|teaäterspul]], [[kabaret]] as muzikaal barren sjen te kinnen. It teaäter is sa boud dat alle besikers, mooglik mei technyske stipe, de opfiering hearre en sjen kinne.

Der binne ferskate teaätertypen. Teaäters kinne foar spesifike spultypen of krekt foar ferskillende soarten opfierings makke wêze. Der binne teaäters foar [[iepenloftspul]]len dy't al as net tydlik binne. Der binne ek fêste teaäters mei oerkaping, wêrfan de ynrjochting tige ferskille kin. Sa'n teaäter kin bestean út in poadium en wat stuollen foar de besikers, mar kin likegoed bestean út in wat gruttere lúks ynrjochte teaäterromte mei mooglik ferskillende besikersringen/balkons.

De skiednis fan it teaäter giet werom nei it [[Alde Grikelân]]. It earste fêste en noch hieltyd besteande teaäterbouwurk mei oerkaping wie it ''Teatro Olimpico'' yn Vicenza, dat yn it tiidrek 1580-1585 boud wurden is.

Mei it wurd ''teaäter'' kin it bouwurk ornearre wêze, dêr't in teaäterspul hâlden wurdt. It wurd ''teaäter'' kin ek ornearre wêze foar it teaäterspul sels. It wurd kin somtiden - dan meast yn negative sin - brûkt wurde, bygelyks as minsken it hawwe oer it ''teaäter fan de polityk''.

[[Kategory:Keunst]]
[[Kategory:Teater| ]]