Difference between revisions 636986 and 684106 on fywiki

[[Ofbyld:'s Lands Magazijn te Harlingen.jpg|thumb|It gebou fan de admiraliteit yn Harns]]
[[Ofbyld:Linieschip Prins Friso.jpg|thumb|De ''Friso'']]
[[Ofbyld:DokkumAdmiralty.jpg|right|thumb|''It Admiraliteitshuis'' yn Dokkum]]
[[Ofbyld:DokkumWharf.jpg|right|thumb|It plak fan de âlde admiraliteitswerf yn Dokkum]]
It '''Admiraliteitskolleezje''', ek wol '''Fryske Admiraliteit''' en '''Admiraliteit fan Fryslân''', wie ien fan de Admiraliteiten yn de tiid fan [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] dy't as taak hienen it feilichstellen fan de seefeart. De Fryske Admiraliteit waard yn [[1596]] oprjochte troch de [[Steaten fan Fryslân]] en oarspronklik festige yn [[Dokkum]], letter yn [[Harns]]. Yn [[1795]] mei de [[Frânske tiid]] waard it kolleezje opheft.

It Admiraliteitskolleezje fan Fryslân waard yn   [[1597]] ferheft ta [[Generaliteitskolleezje]] . Der wiene op dat stuit fiif generaliteitskolleezjes yn de Republyk. Dy yn Dokkum wie de ienige yn it noarden. De leden waarden om bar diels troch Fryslân, diels troch oare gewesten keazen (sjoch [[ambulatware amten]]). Al gau die bliken dat Dokkum gjin goeie fleatbasis wie, trochdat it [[Dokkumer Djip]] tichtslike. Dêrom waard yn [[1645]] it kolleezje nei [[Harns (stêd)|Harns]] ta ferpleatst.

(contracted; show full)elle. De Admiraliteit hie lykwols mear bouwurken nedich as tocht waard. Der wie net allinnich ferlet fan romten foar gearkomsten, mar der wie ek ferlet fan pakhuzen en ûnderkommens foar de finzenen. De Admiraliteit krige in gebou oan de súdkant fan de Suderhaven. Der moast tige op oanstean wurde om ek in bouwurk yn de Noarderhaven te krijen. Yn 1653 moast ek noch war dien wurde om in stikmannich pakhuzen yn de omkriten fan de Westertsjerke ta it domein fan de Admiraliteit rekkenje te kinnen.

== Ferneamde
floatfâden fan de Fryske admiraliteit ==
*  [[Douwe Aukes|Aukes, Douwe]]:
*  [[Joris Pieters van den Broeck|Broeck, Joris Pieter van]]:
*  [[Adriaan Brunsveldt|Brunsveldt, Adriaan]]:
*  [[Hendrik Bruynsvelt|Bruynsvelt, Hendrik]]: ''skout-by-nacht''
*  [[Rudolf Coenders|Coenders, Rudolf]]: ''ficeadmiraal'' ([[1665]])
*  [[Jacobus Deketh|Deketh, Jacobus]]:
*  [[Tjaard de Groot|Groot, Tjaard de]]:
*  [[Kristoffel Middaghten|Middaghten, Christoffel]]: ''skout-by-nacht'' ([[1705]])
*  [[Enno Doedes Star|Star, Enno Doedes]]: ''ficeadmiraal'' ([[1666]])
*  [[Andries Pietersz Stellingwerf|Stellingwerf, Andriesz Pieter]]: ''equipagemaster''
*  [[Auke Stellingwerf|Stellingwerf, Auke]]: ''luitenant-admiraal'' ([[1665]])
*  [[Frederik Stellingwerf|Stellingwerf, Frederik]]:
*  [[Tjaert Tjebbes|Tjebbes, Tjaerd]]:
*  [[Tsjerk Hiddes de Vries|Vries, Tsjerk Hiddes de]]: ''luitenant-admiraal'' ([[1666]])
*  [[Hidde Sjoerds de Vries|Vries, Hidde Sjoerds de]]: ''skout-by-nacht'' ([[1692]])
*  [[Schelte Tjerks Wiglema|Wiglema, Schelte Tjerks]]:

== Seeslaggen dêr't de Fryske Admiraliteit oan dielnaam ==
Tusken [[1596]] en [[1792]] waard oan ferskillende seeslagen dielnomd. Meast wie de Fryske float part fan de konfederearre float fan de fiif Admiraliteiten byinoar, nammentlik: De [[Seelân|Sieuske]], De [[Fryslân|Fryske]], De [[West-Fryslân|West-Fryske]], De [[Amsterdam]]ske en de [[Rotterdam]]ske). Yn in pear gefallen gie it om in ynternasjonale koalysje. By guon bekende seeslaggen liet de Fryske admiraliteit it sitte; soms omdat men te let wie, en soms omdat men gjin jild hie foar it tarissen fan in floatg, sa as yn de measte slaggen fan de [[Tredde Ingelsk-Nederlânske Oarloch]] doe't Fryslân en Grins oanfallen waarden troch de biskop fan Münster, [[Bernhard von Galen]].
[[Ofbyld:Beerstraaten, Battle of Scheveningen.jpg|thumb|350px|De Slach by Ter Heijde, troch [[Jan Abrahamsz Beerstraaten]]]]
*  [[Slach by Gibraltar]] [[1607]]
*  [[Slach by Duins]] [[1639]]
*  [[Slach by Dover]] [[1652]]
*  [[Slach by Plymouth]] [[1652]]
*  [[Slach by de Hoofden]] [[1652]]
*  [[Slach by de Singels]] [[1652]]
*  [[Trijedeiske Seeslach]] [[1653]]
*  [[Seeslach by Nieuwpoort]] [[1653]]
*  [[Slach by Ter Heijde]] [[1653]]
*  [[Slach yn de Sont]] [[1658]]
*  [[Trijedeiske Seeslach]] [[1663]]
*  [[Slach by Lowestoft]] [[1665]]
*  [[Fjouwerdeiske Seeslach]] [[1666]]
*  [[Twadeiske Seeslach]] [[1666]]
*  [[Tocht nei Chatham]] [[1667]]
*  [[Slach by Solebay]] [[1672]]
*  [[Twadde slach by it Schooneveld]] [[1673]]
*  [[Slach by Kijkduin]] [[1673]]
*  [[Slach by Beachy Head]] [[1690]]
*  [[Slach by de Doggersbank (1781)|Slach by de Doggersbank]] [[1781]]
Dêneist fjochten noch in stikmannich skippen fan de eardere Fryske Admiraliteit yn de [[Seeslach by Kamperduin]] yn [[1797]], doe ûnder de flagge fan de [[Bataafske Republyk]].

== Slach by Kijkduin ==
Yn [[1673]] wie der in grutte seeslach by [[Slach by Kijkduin|Kijkduin]]. It wie de lêste grutte fjochterij yn de [[Tredde Ingelsk-Nederlânske Oarloch]].
Hjir in oersjoch fan de skippen en kapteins fan de Admiraliteit fan Fryslân dy't der oan meidienen.

'''Linyskippen:'''

''Elf Steden'' 50 ([[Witzo Johannes Beima]])

''Prins Hendrik Casimir'' 70 (skout-by-nacht [[Hendrik Bruynsvelt]])

''Groningen'' 70 (ficeadmiraal [[Enno Doedes Star]])

''Oostergo'' 58 ([[Jan Janszoon Vijselaer]])

'''Fregat:'''

''Windhond'' 30 ([[Jan Pieterszoon Vinckelbos]])

'''Advysjachten:'''

''Hoop'' 6 ([[Cornelis Reindertssoan Ienearm]])

''Liefde'' ([[Jochum Jansen]])

'''Brâner:'''

''Welkomst'' ([[IJsbrand Albertszoon]])

== Literatuer ==
*  Engels, M.H.H. ''Admiraliteit in Friesland - Dokkum 1599'' (Ljouwert, 1999)
*  Hoogeveen, H. ''Tsjerk Hiddes - Hwat in dekfeintsje wurde kin'' (Boalsert, 1967)
*  Kamminga, L. ''Schepen van de Friese Admiraliteit'' (Ljouwert, 1973)
*  Roodhuyzen, T. ''De Admiraliteit van Friesland'' (Frjentsjer, 2003)
*  Smits, E. ''De Friesche Admiraliteit boven water - deel I'' (Dokkum, 1996)
*  Smits, E. ''De Friesche Admiraliteit boven water - deel II'' (Dokkum, 1996)
*  [[Piter Terpstra]], ''Tweeduizend jaar geschiedenis van Friesland'' (Ljouwert, 1979)

== Keppeling om utens ==
*  [http://www.frieschdagblad.nl/artikel.asp?artID=12449 Artikel út it Frysk Deiblêd]
*  [http://home.wanadoo.nl/mpaginae/ Side mei ynformaasje oer de Fryske Admiraliteit]
*  [http://www.angelfire.com/vt/sneuper/admdokkum.html Logboeken fan de Fryske Admiraliteit]
*  [http://www.museumdokkum.nl/ It museum Admiraliteitshuis te Dokkum]

{{boarnen|boarnefernijing=
*{{Aut|Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red.}}, Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) ''Admiraliteitscollege''.
<references/>

[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]
[[Kategory:Admiraliteit fan Fryslân|Admiraliteitskolleezje]]

{{Link FA|nl}}