Difference between revisions 716449 and 716451 on fywiki{{Lântabel| eigennamme = Dawlat al-Kuwayt | namme = Koeweit | flagge = Flag of Kuwait.svg | wapen =Coat_of_arms_of_Kuwait.svg | lokaasje = LocationKuwait.png | motto = Foar Koeweit | taal = [[Arabysk]] | haadstêd = [[Koeweit (stêd)|Koeweit]] | steatsfoarm = Konstitúsjonele monargy | oerflak = 17.818 | pctwetter = 0,0 | ynwenners = 2.867.000 | teljier = 2005 | munt = Kuwaiti Dinar | muntkoade = KWD | tiidsone = +3 | feestdei = [[25 febrewaris]] | folksliet = Al-Nasheed Al-Watani | lânkoade = KWT | ynternet = .kw | tillefoan = 965 | }} [[Ofbyld:Ku-map.png|thumb|300px|Kaart fan Koeweit]] '''Koeweit''' is in lan yn [[Aazje|Midden-Easten]]. De haadstêd is ek [[Koeweit (stêd)|Koeweit]] en de [[emir]] fan de monargy is sûnt [[2006]] [[Sabah Al-Ahmad Al-Jaber Al-Sabah]]. Koeweit wurdt begrinzge troch: * de [[Perzyske Golf]] yn it easten; * [[Saûdy-Araabje]] yn it súdwesten; * [[Irak]] yn it noardwesten. == Skiednis == Koeweit makke fan ôf de [[8e ieu]] part út fan it [[Abbasidenryk]]. Letter waard it opnommen yn it [[Ottomaanske ryk]] ([[16e ieu]]), der't lang om let ek in foarm fan selstannigens krige yn de foarm fan in prinsdom. De tsjinwurdige hearskjende famylje stamt fan ien fan dizze prinsen, [[sjeik]] [[Sabah al-Awwal]] ôf, dy't hearske fan [[1756]] oant [[1772]]. Yn [[1899]] tekene de doetiidske prins, sjeik [[Mubarak (Koeweit)|Mubarak]], in ferdrach mei de [[Feriene Keninkryk|Britten]], der't troch it in Britsk [[protektoraat]] waard. Yn [[1914]] erkende de Britske oerheid Koeweit as in ûnôfhinklik lan, mar wol ûnder Britske proteksje. Yn [[1961]] waard Koeweit folslein ûnôfhinklik. Yn de tuskentiid hie de ûntdekking fan [[ierdoalje|oalje]] ta in grutte rykdom laat. Dit luts in protte [[gastarbeider]]s oan, dy't gjin [[steatsboargerskip]] krije koenen. Alhoewol't it lan in bûnsmaat wie fan [[Irak]] tidens de [[Irak-Iran oarloch]], waard it troch Irak beset en op [[2 augustus]] [[1990]] anneksearre. De besetting wie it begjin fan de [[Golfoarloch (1990-1991)|Golfoarloch fan 1990-1991]], der't Koeweit yn jannewaris 1991 troch in ynternasionale koalysje ûnder lieding fan de [[Feriene Steaten]] befrije waard. == Geografy == Koeweit bestiet foar it grutstepart út [[woastyn]] mei hast gjin hichteferskil. It klimaat is skrok en hjit. Oan de noardkust fan de [[Perzyske Golf]] lizze in oantal eilannen, dêr't [[Bubiyan]] it grutste fan is. De wichtichste stêden binne [[Koeweit (stêd)|Koeweit]], [[Salimiyah]] (mei de measte ynwenners) en [[Hawalli]]. Nei it suden ta lizze ek noch wat lytse eilantsjes. == Demografy == Arabieren meitsje om-ende-by 57% fan de befolking út fan Koeweit. Yn de [[20e ieu]] is de befolking fan Koeweit, foaral fanwege de komst fan in proatte arbeiders (de saneamde [[ekspat]]s), ferfyftichfoudige. Under de ekspats binne in soad steatenleaze Arabieren lykas [[bedoeïen]]en) en fjirder immigranten út lannen as Pakistan, Bangladesh en de Filipijnen. De befolking is foar 85% [[moslim]]. == Gouverneminten == Koeweit is opdield yn seis gouverneminten (''muhafazat''): * [[Ahmadi]] (Arabysk: الأحمدي) * [[Farwaniya]] (Arabysk: الفروانية) * [[Al-Asimah]] = Arabysk foar [[Haadstêd]] (Arabysk: العاصمة) * [[Jahra]] (Arabysk: الجهراء) * [[Hawalli]] (Arabysk: حولى) * [[Mubarak Al-Kabier]] (Arabysk: مبارك الكبير) {{Koördinaten|29_10_0_N_47_36_0_E_type:country_region:KW|29° 10' N, 47° 36' O}} [[Kategory:Koeweit| ]]⏎ [[Kategory:Lân yn it Midden-Easten]] [[Kategory:Lân yn Aazje]] {{Link FA|ar}} All content in the above text box is licensed under the Creative Commons Attribution-ShareAlike license Version 4 and was originally sourced from https://fy.wikipedia.org/w/index.php?diff=prev&oldid=716451.
![]() ![]() This site is not affiliated with or endorsed in any way by the Wikimedia Foundation or any of its affiliates. In fact, we fucking despise them.
|