Revision 567907 of "Admiraliteitskolleezje" on fywiki[[Ofbyld:'s Lands Magazijn te Harlingen.jpg|thumb|It gebou fan de admiraliteit yn Harns]]
[[Ofbyld:Linieschip Prins Friso.jpg|thumb|De ''Friso'']]
[[Ofbyld:DokkumAdmiralty.jpg|right|thumb|''It Admiraliteitshuis'' yn Dokkum]]
[[Ofbyld:DokkumWharf.jpg|right|thumb|It plak fan de âlde admiraliteitswerf yn Dokkum]]
It '''Admiraliteitskolleezje''', ek wol '''Fryske Admiraliteit''' en '''Admiraliteit fan Fryslân''', wie ien fan de Admiraliteiten yn de tiid fan [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] dy't as taak hienen it feilichstellen fan de seefeart. De Fryske Admiraliteit waard yn [[1596]] oprjochte troch de [[Steaten fan Fryslân]] en oarspronklik festige yn [[Dokkum]], letter yn [[Harns]]. Yn [[1795]] mei de [[Frânske tiid]] waard it kolleezje opheft.
It Admiraliteitskolleezje fan Fryslân waard yn [[1597]] ferheft ta [[Generaliteitskolleezje]] . Der wiene op dat stuit fiif generaliteitskolleezjes yn de Republyk. Dy yn Dokkum wie de ienige yn it noarden. De leden waarden om bar diels troch Fryslân, diels troch oare gewesten keazen (sjoch [[ambulatware amten]]). Al gau die bliken dat Dokkum gjin goeie fleatbasis wie, trochdat it [[Dokkumer Djip]] tichtslike. Dêrom waard yn [[1645]] it kolleezje nei [[Harns (stêd)|Harns]] ta ferpleatst.
It feilichstellen fan de seefeart wie de wichtichste taak fan de Admiraliteiten. Dêrta moast soarge wurde foar bou en útrissing fan oarlochsskippen neffens beslút fan de [[Steaten-Generaal]]. Belestingen heffen op yn- en útkommende fracht en skippen en op konvoai- en lisintjilden wie oare wichtige taak dat dien wurde moast.
== Ferneatiging fan it Admiraliteitsargyf ==
In soad boarnen oer de Fryske Admiraliteit binne der tsjintwurdich net mear oer. Dat hat alles te krijen mei twa brânen. By de grutte brân fan [[12 febrewaris|12]] op [[13 febrewaris]] [[1771]] yn Harns gie hast al it argyfmateriaal ferlern fan de admiraliteit. Ek in soad âlde kaarten en dokuminten oanbelangjende de skiednis fan Fryslân ferbrânden. It bytsje materiaal dat der noch oerbleaun waard oerbrocht nei it [[Departemint fan Marine]] yn [[De Haach]]. Doe’t dêr op [[8 jannewaris]] [[1844]] brân útbruts, fergie ek it oerbleaune materiaal. Ek oer de grutte mannen fan de Admiraliteit is kwealik wat bekend. Ek hjir is it breklike argyfmateriaal de oanlieding. It ferhaal fan [[Beucker Andreae]] is in oandwaanlik foarbyld. Andreae makke in stúdzje nei it libben fan [[Auke Stellingwerf]]. Oer syn sneuptocht nei de doopboeken fan syn berteplak skreaun hy it neikommende:
{{Cquote| ''Er was echter bij de kerkvoogden eene kist met oude boeken en schrifturen bewaard gebleven, waaronder, naar de meening van een oudinwoner der stad, doopboeken zouden schuilen. Maar die kist had men vóór eenige jaren ter bewaring aan H. H. Diakenen overgegeven. en daar zij ongelukkig niet slotvast was, had de moeder in het oude-mannen-huis de boeken, daarin voorhanden, tot allerlei huishoudelijk gebruik tot patronen verknipt! En zoo is het gekomen, dat, ofschoon de kist aldaar nog bestaat, de papieren er niet meer te vinden zijn.''
Beucker Andreae}}
== Organisaasjestruktuer ==
Op [[14 juny]] [[1597]] waard op de gearkomst fan de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-Generaal]] in útstel goedkard. Der waard besluten om it yn 1593 ophefte ''Collegie Superintendent'' fan 1589, dêr't [[Maurits fan Oranje|Prins Maurits]], sûnt 1588 Admiraal-Generaal, oan it haad fan stie, te fervangen troch fiif selstannige Admiraliteiten: de [[Seelân|Sieuske]], de [[Fryslân|Fryske]], de [[West-Fryslân|West-Fryske]], de [[Amsterdam]]ske en de [[Rotterdam]]ske. De Fryske Admiraliteit hie in eigen hierargy. De Admiraliteit waard laad troch in kolleezje dêr't de riedsleden ("raden") in sit hienen. Dit kolleezje wie ferantwurdlik foar it oanstellen fan amtners sa as boades, klerken en doarwarders. Dêrneist waard troch de Steaten-Generaal by eltse Admiraliteit in ûntfanger-generaal, in sekretaris en in advokaat-fiskaal beneamd. Utsein Fryslân betelle ek de stêd Grins mei; faak waarden dêrom Grinzers beneamd op befelfierende posysjes, sa as admiraal [[Rudolf Coenders]], en meast wiene der in tal skippen mei in nei Grins ferwizende namme. De Fryske Admiraliteit waard oprjochte op 15 augustus 1597. De fiif admiraliteiten kamen twaris yn't jier gear yn Den Haach en harren fertsjintwurdiger foarmen dan in Generalteitskolleezje; yn de praktyk hiene hja lykwols net in protte gesach.
== Yn Dokkum ==
De Admiraliteit kaam yn it âlde riedhûs, it yndruk meitsjende Blauhûs, op de hoeke fan de Heechstritte en de Lange Easterstrjitte yn Dokkum. Dit gebou wie yn 1589 oankocht troch kaptein [[Tjaert Tjebbes|Tjaerd Tjebbes]] foar 900 goudgûne.
Yn't earstoan betelle it stedsbestjoer de hier, mar fan 1610 ôf gie de Admiraliteit sels ta de bûse. [3]
Yn 1618 ferhûze de ynstelling nei in oar pân, dêr't no it steedlik museum fan Dokkum, it "Het Admiraliteitshuis", yn sit. (It museum rjochtet him net allinnich op it seefeartferline fan Dokkum.)
Oer de perioade tusken de oprjochting en de Slach by Duins is net folle bekend troch de ferneatiging fan it argyf fan de Admiraliteit. Wol docht bliken út de floatlist dat by de Slach by Gibraltar kaptein Teunis Woltersz der by wie mei it skip ''De Friesche Pinas''. It is net witten hoefolle- en hokker manlju en hoefolle kannonnen dit skip hie.
Dat mei it oanmeunsterjen by de Admiraliteit te Dokkum in soad jild te fertsjinjen wie, docht bliken út it de folgjende passaazje út de notulen fan in gearkomst fan de Steaten Generaal, dêr't dizze kaptein om beleaning freget fanwegen de moed dy't er sjen litten hat:
''Kaptein Thoenis Woltersz. vraagt bij rekest betaling van f. 50,= die hem 17 December 1609 zijn toegewezen voor betoonde moed in de slag bij Gibraltar, voorts voorschrijven aan de Adm.v.Dokkum om hem weer in dienst te nemen en in tussen toekenning van een traktement. De Staten besluiten de Adm te schrijven dat zij Woltersz de f. 50,= moet uitbetalen en hem bij de eerste vacature weer in dienst te nemen. Voorlopig zal hij een extra-ordinaris traktament van f. 12,= ontvangen, als blijkt dat hij werkelijk dienst doet.[''4]
== Ferneamde floatfâden fan de Fryske admiraliteit ==
*[[Douwe Aukes|Aukes, Douwe]]:
*[[Joris Pieters van den Broeck|Broeck, Joris Pieter van]]:
*[[Adriaan Brunsveldt|Brunsveldt, Adriaan]]:
*[[Hendrik Bruynsvelt|Bruynsvelt, Hendrik]]: ''skout-by-nacht''
*[[Rudolf Coenders|Coenders, Rudolf]]: ''ficeadmiraal'' ([[1665]])
*[[Jacobus Deketh|Deketh, Jacobus]]:
*[[Tjaard de Groot|Groot, Tjaard de]]:
*[[Kristoffel Middaghten|Middaghten, Christoffel]]: ''skout-by-nacht'' ([[1705]])
*[[Enno Doedes Star|Star, Enno Doedes]]: ''ficeadmiraal'' ([[1666]])
*[[Andries Pietersz Stellingwerf|Stellingwerf, Andriesz Pieter]]: ''equipagemaster''
*[[Auke Stellingwerf|Stellingwerf, Auke]]: ''luitenant-admiraal'' ([[1665]])
*[[Frederik Stellingwerf|Stellingwerf, Frederik]]:
*[[Tjaert Tjebbes|Tjebbes, Tjaerd]]:
*[[Tsjerk Hiddes de Vries|Vries, Tsjerk Hiddes de]]: ''luitenant-admiraal'' ([[1666]])
*[[Hidde Sjoerds de Vries|Vries, Hidde Sjoerds de]]: ''skout-by-nacht'' ([[1692]])
*[[Schelte Tjerks Wiglema|Wiglema, Schelte Tjerks]]:
== Seeslaggen dêr't de Fryske Admiraliteit oan dielnaam ==
Tusken [[1596]] en [[1792]] waard oan ferskillende seeslagen dielnomd. Meast wie de Fryske float part fan de konfederearre float fan de fiif Admiraliteiten byinoar, nammentlik: De [[Seelân|Sieuske]], De [[Fryslân|Fryske]], De [[West-Fryslân|West-Fryske]], De [[Amsterdam]]ske en de [[Rotterdam]]ske). Yn in pear gefallen gie it om in ynternasjonale koalysje. By guon bekende seeslaggen liet de Fryske admiraliteit it sitte; soms omdat men te let wie, en soms omdat men gjin jild hie foar it tarissen fan in floatg, sa as yn de measte slaggen fan de [[Tredde Ingelsk-Nederlânske Oarloch]] doe't Fryslân en Grins oanfallen waarden troch de biskop fan Münster, [[Bernhard von Galen]].
[[Ofbyld:Beerstraaten, Battle of Scheveningen.jpg|thumb|350px|De Slach by Ter Heijde, troch [[Jan Abrahamsz Beerstraaten]]]]
*[[Slach by Gibraltar]] [[1607]]
*[[Slach by Duins]] [[1639]]
*[[Slach by Dover]] [[1652]]
*[[Slach by Plymouth]] [[1652]]
*[[Slach by de Hoofden]] [[1652]]
*[[Slach by de Singels]] [[1652]]
*[[Trijedeiske Seeslach]] [[1653]]
*[[Seeslach by Nieuwpoort]] [[1653]]
*[[Slach by Ter Heijde]] [[1653]]
*[[Slach yn de Sont]] [[1658]]
*[[Trijedeiske Seeslach]] [[1663]]
*[[Slach by Lowestoft]] [[1665]]
*[[Fjouwerdeiske Seeslach]] [[1666]]
*[[Twadeiske Seeslach]] [[1666]]
*[[Tocht nei Chatham]] [[1667]]
*[[Slach by Solebay]] [[1672]]
*[[Twadde slach by it Schooneveld]] [[1673]]
*[[Slach by Kijkduin]] [[1673]]
*[[Slach by Beachy Head]] [[1690]]
*[[Slach by de Doggersbank (1781)|Slach by de Doggersbank]] [[1781]]
Dêneist fjochten noch in stikmannich skippen fan de eardere Fryske Admiraliteit yn de [[Seeslach by Kamperduin]] yn [[1797]], doe ûnder de flagge fan de [[Bataafske Republyk]].
== Slach by Kijkduin ==
Yn [[1673]] wie der in grutte seeslach by [[Slach by Kijkduin|Kijkduin]]. It wie de lêste grutte fjochterij yn de [[Tredde Ingelsk-Nederlânske Oarloch]].
Hjir in oersjoch fan de skippen en kapteins fan de Admiraliteit fan Fryslân dy't der oan meidienen.
'''Linyskippen:'''

''Elf Steden'' 50 ([[Witzo Johannes Beima]])

''Prins Hendrik Casimir'' 70 (skout-by-nacht [[Hendrik Bruynsvelt]])

''Groningen'' 70 (ficeadmiraal [[Enno Doedes Star]])

''Oostergo'' 58 ([[Jan Janszoon Vijselaer]])

'''Fregat:'''

''Windhond'' 30 ([[Jan Pieterszoon Vinckelbos]])

'''Advysjachten:'''

''Hoop'' 6 ([[Cornelis Reindertssoan Ienearm]])

''Liefde'' ([[Jochum Jansen]])

'''Brâner:'''

''Welkomst'' ([[IJsbrand Albertszoon]])
== Literatuer ==
*Engels, M.H.H. ''Admiraliteit in Friesland - Dokkum 1599'' (Ljouwert, 1999)
*Hoogeveen, H. ''Tsjerk Hiddes - Hwat in dekfeintsje wurde kin'' (Boalsert, 1967)
*Kamminga, L. ''Schepen van de Friese Admiraliteit'' (Ljouwert, 1973)
*Roodhuyzen, T. ''De Admiraliteit van Friesland'' (Frjentsjer, 2003)
*Smits, E. ''De Friesche Admiraliteit boven water - deel I'' (Dokkum, 1996)
*Smits, E. ''De Friesche Admiraliteit boven water - deel II'' (Dokkum, 1996)
*[[Piter Terpstra]], ''Tweeduizend jaar geschiedenis van Friesland'' (Ljouwert, 1979)
== Keppeling om utens ==
*[http://www.frieschdagblad.nl/artikel.asp?artID=12449 Artikel út it Frysk Deiblêd]
*[http://home.wanadoo.nl/mpaginae/ Side mei ynformaasje oer de Fryske Admiraliteit]
*[http://www.angelfire.com/vt/sneuper/admdokkum.html Logboeken fan de Fryske Admiraliteit]
*[http://www.museumdokkum.nl/ It museum Admiraliteitshuis te Dokkum]
{{boarnen|boarnefernijing=
*{{Aut|Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red.}}, Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) ''Admiraliteitscollege''.
<references/>

[[Kategory:Skiednis]]
[[Kategory:Admiraliteit fan Fryslân|Admiraliteitskolleezje]]
[[en:Admiralty of Friesland]]
[[fr:Amirauté frisonne]]
[[nds-nl:Admiraliteit van Frieslaand]]
[[nl:Admiraliteit van Friesland]]All content in the above text box is licensed under the Creative Commons Attribution-ShareAlike license Version 4 and was originally sourced from https://fy.wikipedia.org/w/index.php?oldid=567907.
![]() ![]() This site is not affiliated with or endorsed in any way by the Wikimedia Foundation or any of its affiliates. In fact, we fucking despise them.