Revision 580161 of "Lakota" on fywiki[[Ofbyld:Lakota portraits.jpg|250px|thumb|right|''Lakota portretten'']] De '''Lakota''' of Titonwan (Teton) is de namme fan in [[Yndianen|ynhiemsk Amerikaansk folk]] dat har yn de twadde helte fan de 17e ieu ôfsplist hát fan it memmefolk, de [[Dakota (folk)|Dakota]] Yndianen (Isanty) út [[Minnesota]], en libbe yn it bosk- en wetterrike mid-easten fan it [[Noard-Amearika]]anske kontinint. De Dakota, hokker namme 'alliearden' betsjut, wienen fiskers, jagers en boeren, dy't healwei de [[17e ieu]] foar it earst yn kontakt kamen mei de Jeropeeske kolonisten en ûntdekkingsreizgers. De Lakota meitsje, mei de [[Nakota (folk)|Nakota]] en [[Dakota (folk)|Dakota]], ûnderdiel út fan de grutte [[Siouan]]-taalfamylje. Oare besibbe folken dy't by deselde taalfamylje heare binne: [[Mandan (folk)|Mandan]], [[Absaroke fvolk)|Absaroke]] (Krow), [[Sahnish (folk)|Sahnish]] (Arikaree), [[Ho-Chunk (folk)|Ho-Chunk]] (Winnebago), [[Osage (folk)|Niukonska]] (Osage), [[Ponka fvolk)|Ponka]], ensfh. Mei de Nakota en de Dakota foarmen de Lakota in polityk-religieuze ienheid: it Folk fan de Sân Riedsfjoeren (Osety Sakowin, sprek út: Oh-SJEE-tie-SJAW-ko-wien). De Lakota foarme de meast westlike divyzje fan de Sân Riedsfjoeren. Eltse divyzje bestie út meardere subdivyzjes. Troch de kolonisten waard it Folk fan de Sân Riedsfjoeren [[Siouks]] genoemd, in Frânsk/Amerikaanske ferbastering fan de (leechachtsjende) beneaming dy't harren tradysjonele fijannen, de [[Ojibwech]], har joegen: Nadowessiwexh, oftewol 'Lyts fan stik lykas njirren'. De Oceti Sakowin libje yn Súd-Dakota, Minnesota, Nebraska, Montana, North Dakota, Iowa, en, yn Kanada: Alberta, Saskatchewan en Manitoba. == Sjoch ek == * [[List fan Noard-Amerikaanske Yndianen]] == Keppeling om utens == * [http://www.dakotablues.nl/index.html Dakota Blues: The history of the Great Sioux Nation] * http://www.indianen.eu/dakota.htm * http://www.indianen.eu/Sioux.htm * http://www.lakotalodge.nl [[Kategory:Folk yn de Feriene Steaten]] [[Kategory:Yndiaansk folk]] [[be-x-old:Лакота]] [[ca:Lakota]] [[cy:Lakota (pobl)]] [[da:Lakota]] [[de:Lakota]] [[en:Lakota people]] [[eo:Lakotoj]] [[es:Lakota]] [[eu:Lakota]] [[fa:لاکوتا]] [[fi:Lakotat]] [[fr:Lakotas]] [[hr:Teton Indijanci]] [[id:Suku Lakota]] [[it:Lakota]] [[ja:ラコタ]] [[lt:Lakotai]] [[mg:Lakota (mponina)]] [[nds:Lakota]] [[nl:Lakota (volk)]] [[no:Lakota]] [[ru:Лакота (народ)]] [[sv:Lakota]] [[tr:Lakotalar]] [[uk:Лакота (плем'я)]] [[zh:拉科塔族]] All content in the above text box is licensed under the Creative Commons Attribution-ShareAlike license Version 4 and was originally sourced from https://fy.wikipedia.org/w/index.php?oldid=580161.
![]() ![]() This site is not affiliated with or endorsed in any way by the Wikimedia Foundation or any of its affiliates. In fact, we fucking despise them.
|