Revision 594781 of "D-Day" on fywikiYn militêre rûnten wurdt it begryp '''D-Day''' brûkt foar de dei fan oanfal of begjin fan in operaasje, ornaris ferwiist de term werom nei de lâning yn Normandje op tiisdei [[6 juny]] [[1944]]. Op dy dei begjinne de [[Alliearden]] oan in militêre operaasje dy't de befrijding fan West-Jeropa ta doel hawwe soe. Yn East-Jeropa teach it Reade Leger hieltyd fierder it [[Tredde Ryk]] yn. 6 juny 1944 wie in beskiedende dei foar it ferrin fan de [[Twadde Wrâldkriich]]. == It begryp D-Day == De begripen D-Day en H-Hour wurde brûkt om respektyflik de dei en it oere oan te tsjutten wêrop in operaasje plakfine sil. De letters binne ôflaat fan de [[Ingelsk]]e wurden wêrfoar se stean: "D" foar "day" (dei) en "H" foar "hour" (oere). Der is mar ien D-Day en ien H-Hour foar alle dielnimmende troepen dy't oan de deselde operaasje dielnimme. It seit himsels dat H-Hour op D-Day plakfynt. It begryp D-Day hat gjin spesjale betsjutting. Om D-Day of H-Hour krekter oan te jaan wurde plus- en mintekens brûkt. Sa kin de tiid foar of nei de D-Day oantsjut wurde. - betsjut foar en + betsjut nei. H-3 en D-3 betsjut dus trije oeren foar H-Hour en trije dagen foar D-Day. == Operation Overlord == D-Day wurdt dus net spesifyk foar de alliearde oanfal yn Normandje fan 6 juny 1944 brûkt. Dat plan hie de namme "Operation Overlord" en is no de meast bekende D-Day. De lâning sels hie de namme "Operaasje Neptune". Dy lâning soe eins op 5 juny 1944 plakfine. Mar omdat it wetter striemin wie, waard de lâning in dei ferset. By de plenning spile ek it wettertij in belangrike rol. == Keppeling om utens == *[http://www.Omaha-Beach.Org D-Day 6.6.1944] [[Kategory:Operaasje yn de Twadde Wrâldkriich]] [[ca:Dia D]] [[cs:Den D]] [[da:D-dag (militært udtryk)]] [[de:D-Day]] [[el:D-Day]] [[en:D-Day (military term)]] [[eo:D-tago]] [[es:Día D]] [[eu:E eguna]] [[fa:روز دی]] [[fi:D-Day]] [[fo:D-dagur]] [[fr:Jour J]] [[gl:Día D]] [[hr:Dan D]] [[id:D-Day]] [[it:D-Day]] [[ja:D-デイ]] [[ko:D-데이]] [[nl:D-Day]] [[nn:D-dag]] [[no:D-dag]] [[pt:Dia D (termo militar)]] [[ro:Ziua-Z]] [[ru:День Д]] [[sco:D-Day]] [[simple:D-Day]] [[sk:Deň-D]] [[sq:D-Day]] [[sv:Dagen D (term)]] [[tr:D-Day]] [[uk:День Д]] [[zh:D日]] All content in the above text box is licensed under the Creative Commons Attribution-ShareAlike license Version 4 and was originally sourced from https://fy.wikipedia.org/w/index.php?oldid=594781.
![]() ![]() This site is not affiliated with or endorsed in any way by the Wikimedia Foundation or any of its affiliates. In fact, we fucking despise them.
|