Revision 595855 of "Eerste Keamer fan de Steaten-Generaal" on fywikiDe '''Earste Kamer''' is ien fan de twa parten fan de [[Steaten-Generaal]]. De Earste Keamer hâld him fral dwaande mei de technyske kant fan [[wetsûntwerp]]en: past de wet yn de gearhing mei oare wetten en is de wet deeglik. De Keamer hat ien sittingsdei yn 'e wike en hat 75 sitten. == Foech == De Earste Keamer kin in wetsûntwerp goed- as ôfkarre, de [[ryksbegrutting]] goed- as ôfkarre, in debat mei in [[minister]] oanfreegje, en in [[parlemintêre enkête]] hâlde. In lid fan de Earste Keamer hat kin ek noch de minister oanskriuwe mei fragen. == Ferkiezings == De Earste Keamer wurdt keazen troch alle [[Provinsjale Steaten]], binne de trije moanne nei de ferkiezings dêrfan. Dy ferkiezing giet mei woegen stimmen: foar alle provinsjes wurdt útrekkene hoefolle ynwenners in lid fan dy Provinsjale Steaten nei ferhâlding fertsjinwurdiget. == Skiednis == De Keamer is yn [[1815]] ynsteld, trochdat de Steaten-Generaal opsplitst waard yn twa keamers. Oarspronklik waard alle lidden beneamd troch de kening, mar sûnt 1848 wurde hja keazen troch de Provinsjale Steaten. Oant [[1956]] hie de Keamer 50 sitten. Oant [[1983]] wie de sittingstiid foar in lid seis jier, wêrby alle trije jier de helte fan de Keamer op 'e nij keazen waard. == Keppeling om utens== *[http://www.eerstekamer.nl Webstee fan de Earste Keamer]. [[Kategory:Nederlânsk parlemint]] [[af:Eerste Kamer van die State-Generaal]] [[de:Erste Kammer der Generalstaaten]] [[en:Senate (Netherlands)]] [[es:Senado de los Estados Generales]] [[fr:Eerste Kamer]] [[id:Eerste Kamer]] [[ja:第一院 (オランダ)]] [[li:Ierste Kamer]] [[nl:Eerste Kamer der Staten-Generaal]] [[no:Eerste Kamer]] [[pl:Eerste Kamer]] [[zh:荷兰国会一院]] All content in the above text box is licensed under the Creative Commons Attribution-ShareAlike license Version 4 and was originally sourced from https://fy.wikipedia.org/w/index.php?oldid=595855.
![]() ![]() This site is not affiliated with or endorsed in any way by the Wikimedia Foundation or any of its affiliates. In fact, we fucking despise them.
|