Revision 599638 of "Eerste Keamer fan de Steaten-Generaal" on fywiki

De '''Earste Kamer''' is ien fan de twa parten fan de [[Steaten-Generaal]]. De Earste Keamer hâld him fral dwaande mei de technyske kant fan [[wetsûntwerp]]en: past de wet yn de gearhing mei oare wetten en is de wet deeglik. De Keamer hat ien sittingsdei yn 'e wike en hat 75 sitten.

== Foech ==
De Earste Keamer kin in wetsûntwerp goed- as ôfkarre, de [[ryksbegrutting]] goed- as ôfkarre, in debat mei in [[minister]] oanfreegje, en in [[parlemintêre enkête]] hâlde. In lid fan de Earste Keamer hat kin ek noch de minister oanskriuwe mei fragen.

== Ferkiezings ==
De Earste Keamer wurdt keazen troch alle [[Provinsjale Steaten]], binne de trije moanne nei de ferkiezings dêrfan.
Dy ferkiezing giet mei woegen stimmen: foar alle provinsjes wurdt útrekkene hoefolle ynwenners in lid fan dy Provinsjale Steaten nei ferhâlding fertsjinwurdiget.

== Skiednis ==
De Keamer is yn [[1815]] ynsteld, trochdat de Steaten-Generaal opsplitst waard yn twa keamers. Oarspronklik waard alle lidden beneamd troch de kening, mar sûnt 1848 wurde hja keazen troch de Provinsjale Steaten. Oant [[1956]] hie de Keamer 50 sitten. Oant [[1983]] wie de sittingstiid foar in lid seis jier, wêrby alle trije jier de helte fan de Keamer op 'e nij keazen waard.
 
== Keppeling om utens==
*[http://www.eerstekamer.nl Webstee fan de Earste Keamer].

[[Kategory:Nederlânsk parlemint]]

[[af:Eerste Kamer van die State-Generaal]]
[[de:Erste Kammer der Generalstaaten]]
[[en:Senate (Netherlands)]]
[[es:Senado de los Estados Generales]]
[[fr:Eerste Kamer]]
[[id:Eerste Kamer]]
[[it:Senato dei Paesi Bassi]]
[[ja:第一院 (オランダ)]]
[[li:Ierste Kamer]]
[[nl:Eerste Kamer der Staten-Generaal]]
[[no:Eerste Kamer]]
[[pl:Eerste Kamer]]
[[zh:荷兰国会一院]]