Revision 611552 of "Symfony (Muzyk)" on fywiki[[Ofbyld:Orquesta Filarmonica de Jalisco.jpg|thumb|300px|symfony-orkest]] In '''symfony-orkest''' is in grut [[orkest]] dat ornaris [[klassike muzyk]] makket (b.g [[symfony (muzyk)|symfonyen]], [[opera (muzyk)|opera]]'s) In soad symfony-orkesten spylje yn in fêste [[konsertseal]]. == Untjouwing == Foar de ûntjouwing fan it symfony-orkest hat de [[18e ieu]] fan grut belang west. Yn it tiidrek fan de [[renêssânse]] hiene muzykensembles hielendal gjin fêste besetting en waard net troch de [[komponist]] mar troch de útfierenden útmakke mei hokker [[muzykynstrumint]]en in komposysje útfierd waard. Yn de [[barokmuzyk|barok]] kaam der wat organisaasje mar de besetting fan it orkest wie noch net standerdisearre. It meiïnoar op spyljen en de harmonyen waarden útmakke troch de [[basso continuo]] dy't meastentiids foar rekken kaam fan in [[toetsynstrumint]] ([[klavesimbel]], [[oargel]], [[spinet]]) en in [[violoncello]]. Earst nei [[1700]] fûn de emansipaasje fan [[strykynstrumint]]en plak en foarme dy seksje de twadde ynstrumintale kearn fan it orkest. Om dy stabile ienheid (basso continuo en strikers) hinne waarden alle mooglike kombinaasjes fan [[blaasynstrumint]]en arranzjearre. Foarbylden dêrfan binne te finen yn [[Johann Sebastian Bach|Bach]] syn ''[[Brandenburgse Konserten]]'', syn passys en suites en yn [[Georg Friedrich Händel|Händel]] syn ''[[Messiah]]''. Foar Händel syn ''[[Water Music]]'' wie in orkest nedich mei goed te hearren blaasynstruminten: de muzyk moast fan fierrens te hearren wêze omdat it op in boat op 'e [[Teems]] útfierd waard. De ynstrumintaasje fan Händel syn ''Water Music'' komt ús al modern-symfoanysk oan. Mids [[18e ieu]] waarden de strikers stadichoan wichtiger en foarmje de kearn fan it orkest. Se nimme de funksje fan de basso continuo oer en ferfange dêrom it klavesimbel. De blazers wurde groepearre yn in fêste kearnformaasjte. De [[blokfluit]], de [[sink (muzykynstrumint)|sink]] en de [[kromhoarn]] binne hielendal ferdwûn. De alt- en tenoarhobo ferdwine foar in hoartsje. Dy ûntjouwing die him yn ferskate Jeropeeske stêden foar mar waard it ferneamdst troch it orkest fan [[Mannheimer Schule|Mannheim]]. It orkest bestie yn dy tiid út sa'n 25 man. De besetting bestie út: strikers, hobo (meastal 2), fluit (1 of 2), fagot (spile mei selli en bassen mei) en hoarns (2). Inkeldris waarden ek twa trompetten brûkt, altyd mei in ûnskiedber paukepear. Mei sa'n besetting waarden komponisten lykas [[Wolfgang Amadeus Mozart|Mozart]] en [[Joseph Haydn|Haydn]] eigen. Troch it útfinen en perfeksjonearjen fan ynstruminten wreide it orkest hieltyd stadichoan út. In wichtige nijkommer wie bygelyk de [[klarinet]], alhoewol't dat ynstrumint al om [[1690]] hinne útfûn waard kaam it earst in ieu letter geregeld foar yn in symfony-orkest. De oerdied yn de [[rococo]] en de steatlikens fan it [[klassisisme]] droegen ek by oan de útwreiding fan it orkest. De begelieding fan in [[pianokonsert]] frege njonkelytsen in flinke besetting en mei it opkommen fan iepenbiere konserten waarden sealen en besetting fan it orkest hieltyd grutter. Sûnt [[Ludwig van Beethoven|Beethoven]] syn [[Symfony nr. 5 (Beethoven)|5e symfony]] kamen tromboanes hieltyd faker en geregelder foar, en yn syn [[Symfonie nr. 9 (Beethoven)|njoggende symfony]] waard it orkest fierder útwreide mei 1 pikkolo, 1 kontrafagot, 2 ekstra hoarns (dus yn totaal 4) en 3 tromboanes. [[Gustav Mahler|Mahler]] wreidet it orkest noch fierder út ta gigantyske proporsjes. Yn [[Frankryk]] wurke [[Hector Berlioz|Berlioz]] al yn [[1830]] mei in kolossale besetting. Hy wurdt sjoen as ien fan de grutste ynstrumintatoaren út de romantyk en lei syn ûnbidige kennis del yn in standertwurk oer ynstrumintaasje. == Opstelling == In grut symfony-orkest hat ornaris in fêste opstelling. De [[dirigint]], mei de rêch nei de harkers, de dirigearstôk yn de hân en foar him de [[partituer]]. Yn de meast loftse 'taartpunt' de earste fioelen (ûnder lieding fan de [[konsertmaster]]) mei de twadde fioelen dêrneist. De altfioelen sitte midden foaroan mei de selly rjochts dêrfan en dêrefter de kontrabassen. Efter de altfioelen sitte de fluiten en pikkolo mei dêrneist de hobo's en althobo, dêr wer efter de klarinetten, basklarinet mei dêrneist de fagot en kontrafagot. Dêr wer efter de ''koperblazers'' - lofts de hoarns, rjochts de trompetten, tromboanes en de tuba. Hielendal efteroan: it [[slachwurk]], mei pauken en dêr't dat nedich is in klokkespul en de harp lofts efteroan. In oare, âldere opstelling is de saneamde ''Dútske'' opstelling. Benammen it [[Wiener Philharmoniker]] hâldt dy opstelling yn eare. Dêrby sitte de kontrabassen efteroan. De earste fioelen fine wy lofts op har gebrûklike plak, dan de altfioelen, de selly en hielendal rjochts de twadde fioelen. Yn dy opstelling is it lûd fan de kontrabassen better ferdield oer it hiele orkest en de ôfwikseling tusken earste en twadde fioelen komt better ta syn rjocht. De lêste jierren sjocht men de Dútske opstelling wer faker. == Gearstalling == In folslein symfony-orkest bestiet út 40-100 minsken: ;Houtblazers : 2 [[dwersfluit]]en, [[pikkolo (fluit)|pikkolo]], 2 [[hobo]]'s, [[althobo]], 2 [[klarinet]]ten, [[basklarinet]], 2 [[fagot]]ten, [[kontrafagot]] ;koperblazers : 2-6 [[Hoarn (Koperblaasynstrumint)|hoarns]], 2-5 [[trompet]]ten, 2 [[tromboane]]s, [[bastromboane]], [[tuba]] ;perkusje: [[pauk]]en, [[snaretrom]], [[basdrum]], [[bekken (muzykynstrumint)|symbalen]], [[triangel]] ;strikers: 16-30 [[fioele]]n, 8-12 [[altfioele]]n, 8-12 [[sello]]'s, 5-8 [[kontrabas]]sen. ;oars: [[harp]], [[piano]], ensfh. == Bekende orkesten == === [[Nederlân]] === ==== Profesjonele orkesten ==== * [[Brabants Orkest]] - Eindhoven * [[Het Gelders Orkest|Gelders Orkest]] (HGO) - Arnhem * [[Holland Symfonia]] - Amsterdam, Haarlem * [[Koninklijk Concertgebouworkest]] (KCO)- Amsterdam * [[Limburgs Symfonie Orkest]] (LSO) - Maastricht * [[Metropole Orkest]] - Hilversum * [[Nederlands Philharmonisch Orkest]] (NedPho) - Amsterdam * [[Noord Nederlands Orkest]] (NNO) - Grins * [[Orkest van het Oosten]] - Ynskede * [[Radio Filharmonisch Orkest]] (RFO) - Hilversum * [[Radio Kamer Filharmonie]] (RKF) - Hilversum * [[Residentie Orkest]] - Den Haach * [[Rotterdams Philharmonisch Orkest]] (RPhO) - Rotterdam ==== [[Studinte-orkest]]en ==== * [[Delftsch Studenten Muziek Gezelschap Apollo]] - Delft * [[Groninger Studentenorkest Mira]] - Grins * [[GSMG Bragi]] - Grins * [[Krashna Musika]] - Delft * [[Leids Studenten Koor en Orkest Collegium Musicum|Collegium Musicum]] (CM) - Leien * [[Nederlands Studenten Kamerorkest]] (Nesko) * [[Nederlands Studenten Orkest]] (NSO) * Tilburgse Studenten Symfonie Orkest [[Ananta]] - Tilburch * [[Utrechtsch Studenten Concert]] (USC) - Utert * [[Utrechts Studenten Koor en Orkest]] (USKO) - Utert * Utrechtsch Studenten Philharmonisch Orkest '[[Muse Art]]' - Utert * [[UvA-Orkest J. Pzn Sweelinck]] - Amsterdam * [[VU-Orkest]] - Amsterdam ==== Oare [[amateur]]orkesten ==== * [[Kamerorkest Pulcinella]] - Utert * [[Het Orkest]] - Amsterdam * [[Philharmonie (orkest)|Philharmonie]] - Amsterdam * [[Symfonieorkest Bellitoni]] - Den Haag ==== Jongereinorkesten ==== * [[Almeers Jeugd Symfonie Orkest]] (AJSO) - Almere * [[Domstad Jeugd Orkest]] (DJO) - Utert * [[Euregio Jeugdorkest]] (EJO) * [[Jeugd Symfonie Orkest de Vuurvogel]] - Swol * [[JeugdOrkest Nederland]] (JON) * [[Nationaal Jeugd Orkest]] (NJO) * [[Noord-Hollands Jeugd Orkest]] (NHJO) - Heiloo * [[Philips Symfonie Orkest]] (PSO) - Eindhoven * [[Rotterdams Jeugd Symfonie Orkest]] (RJSO) - Rotterdam * [[Symfonia Jong Twente]] (SJT) - Ynskede * [[Vereniging Hofstads Jeugdorkest]] (VHJO)- Den Haach * [[Viotta Jeugdorkest]] - Den Haach === [[Belgje]] === ==== Profesjonele orkesten ==== * [[DeFilharmonie]] * [[Nationaal Orkest van België]] * [[Vlaams Radio Orkest]] ==== [[Studinte-orkest]]en ==== * [[Arenbergorkest]] - Leuven * [[Universitair Symfonisch Orkest]] (USO) - [[Leuven]] === Bûtelân === ==== Profesjonele orkesten (seleksje) ==== * [[Barcelona Symphony Orchestra]] * [[BBC Philharmonic]] * [[Berliner Philharmoniker]] * [[Boston Symphony Orchestra]] * [[Chicago Symphony Orchestra]] * [[City of Birmingham Symphony Orchestra]] * [[Filharmonisch Orkest van Oslo]] * [[Gewandhausorchester]], Leipzig * [[Hallé Orchestra]] * [[London Philharmonic Orchestra]] * [[London Symphony Orchestra]] * [[Nationaal Symfonieorkest van Estland]] * [[Orchestre National de France]] * [[Philadelphia Orchestra]] * [[Pittsburgh Symphony Orchestra]] * [[Royal Liverpool Philharmonic Orchestra]] * [[San Francisco Symphony Orchestra]] * [[Staatskapelle Dresden]] * [[Wiener Philharmoniker]] ==== Studinte-orkesten ==== * [[Appalachian Symphony Orchestra]] - [[Appalachian State University]] yn [[Boone]] [[Kategory:Muzyk]] [[an:Sinfonía]] [[ar:سيمفونية]] [[arz:سيمفونيه]] [[az:Simfoniya]] [[ba:Симфония]] [[be:Сімфонія]] [[be-x-old:Сымфонія]] [[bg:Симфония]] [[bn:সিম্ফনি]] [[br:Sinfonienn]] [[bs:Simfonija]] [[ca:Simfonia]] [[cy:Symffoni]] [[cs:Symfonie]] [[da:Symfoni]] [[de:Sinfonie]] [[el:Συμφωνία (μουσική)]] [[en:Symphony]] [[eo:Simfonio]] [[es:Sinfonía]] [[et:Sümfoonia]] [[eu:Sinfonia]] [[fa:سمفونی]] [[fi:Sinfonia]] [[fr:Symphonie]] [[gl:Sinfonía]] [[he:סימפוניה]] [[hi:सिंफनी]] [[hy:Սիմֆոնիա]] [[hif:Symphony]] [[hr:Simfonija]] [[hu:Szimfónia]] [[ia:Symphonia]] [[id:Simfoni]] [[io:Simfonio]] [[is:Sinfónía]] [[it:Sinfonia]] [[ja:交響曲]] [[ka:სიმფონია]] [[kk:Симфония]] [[ko:교향곡]] [[la:Symphonia]] [[li:Symfonie]] [[lt:Simfonija]] [[lv:Simfonija]] [[my:ဆင်ဖိုနီ]] [[ml:സിംഫണി]] [[mr:सिंफनी]] [[nl:Symfonie]] [[nn:Symfoni]] [[no:Symfoni]] [[oc:Sinfonia]] [[pl:Symfonia]] [[pnb:سمفنی]] [[pt:Sinfonia]] [[ro:Simfonie]] [[ru:Симфония]] [[rue:Сімфонія]] [[sh:Simfonija]] [[simple:Symphony]] [[sk:Symfónia]] [[sl:Simfonija]] [[sr:Simfonija]] [[sv:Symfoni]] [[sw:Simfoni]] [[ta:ஒத்தின்னியம்]] [[te:సింఫొనీ]] [[tr:Senfoni]] [[tt:Симфония]] [[uk:Симфонія]] [[ur:ہم نوائی]] [[vi:Giao hưởng]] [[war:Simponiya]] [[zh:交響曲]] [[zh-yue:交響曲]] [[zh-min-nan:Kau-hiáng-khek]] All content in the above text box is licensed under the Creative Commons Attribution-ShareAlike license Version 4 and was originally sourced from https://fy.wikipedia.org/w/index.php?oldid=611552.
![]() ![]() This site is not affiliated with or endorsed in any way by the Wikimedia Foundation or any of its affiliates. In fact, we fucking despise them.
|