Revision 633988 of "Kûweit" on fywiki{{Lântabel|
eigennamme = Dawlat al-Kuwayt |
namme = Koeweit |
flagge = Flag of Kuwait.svg |
wapen = Coat of Arms of Kuwait-2.svg |
lokaasje = LocationKuwait.png |
motto = Foar Koeweit |
taal = [[Arabysk]] |
haadstêd = Koeweit |
steatsfoarm = Konstitúsjonele monargy |
oerflak = 17.818 |
pctwetter = 0,0 |
ynwenners = 2.867.000 | teljier = 2005 |
munt = Kuwaiti Dinar | muntkoade = KWD |
tiidsone = +3 |
feestdei = [[25 febrewaris]] |
folksliet = Al-Nasheed Al-Watani |
lânkoade = KWT |
ynternet = .kw |
tillefoan = 965 |
}}
[[Ofbyld:Ku-map.png|thumb|300px|Kaart fan Koeweit]]
'''Koeweit''' is in lan yn [[Aazje|Midden-Easten]]. De haadstêd is ek [[Koeweit (stêd)|Koeweit]] en de [[emir]] fan de monargy is sûnt [[2006]] [[Sabah Al-Ahmad Al-Jaber Al-Sabah]].
Koeweit wurdt begrinzge troch:
* de [[Perzyske Golf]] yn it easten;
* [[Saûdy-Araabje]] yn it súdwesten;
* [[Irak]] yn it noardwesten.
== Skiednis ==
Koeweit makke fan ôf de [[8e ieu]] part út fan it [[Abbasidenryk]]. Letter waard it opnommen yn it [[Ottomaanske ryk]] ([[16e ieu]]), der't lang om let ek in foarm fan selstannigens krige yn de foarm fan in prinsdom. De tsjinwurdige hearskjende famylje stamt fan ien fan dizze prinsen, [[sjeik]] [[Sabah al-Awwal]] ôf, dy't hearske fan [[1756]] oant [[1772]].
Yn [[1899]] tekene de doetiidske prins, sjeik [[Mubarak (Koeweit)|Mubarak]], in ferdrach mei de [[Feriene Keninkryk|Britten]], der't troch it in Britsk [[protektoraat]] waard. Yn [[1914]] erkende de Britske oerheid Koeweit as in ûnôfhinklik lan, mar wol ûnder Britske proteksje. Yn [[1961]] waard Koeweit folslein ûnôfhinklik. Yn de tuskentiid hie de ûntdekking fan [[ierdoalje|oalje]] ta in grutte rykdom laat. Dit luts in protte [[gastarbeider]]s oan, dy't gjin [[steatsboargerskip]] krije koenen.
Alhoewol't it lan in bûnsmaat wie fan [[Irak]] tidens de [[Irak-Iran oarloch]], waard it troch Irak beset en op [[2 augustus]] [[1990]] anneksearre. De besetting wie it begjin fan de [[Golfoarloch (1990-1991)|Golfoarloch fan 1990-1991]], der't Koeweit yn jannewaris 1991 troch in ynternasionale koalysje ûnder lieding fan de [[Feriene Steaten]] befrije waard.
== Geografy ==
Koeweit bestiet foar it grutstepart út [[woastyn]] mei hast gjin hichteferskil. It klimaat is skrok en hjit. Oan de noardkust fan de [[Perzyske Golf]] lizze in oantal eilannen, dêr't [[Bubiyan]] it grutste fan is.
De wichtichste stêden binne [[Koeweit (stêd)|Koeweit]], [[Salimiyah]] (mei de measte ynwenners) en [[Hawalli]].
Nei it suden ta lizze ek noch wat lytse eilantsjes.
== Demografy ==
Arabieren meitsje om-ende-by 57% fan de befolking út fan Koeweit. Yn de [[20e ieu]] is de befolking fan Koeweit, foaral fanwege de komst fan in proatte arbeiders (de saneamde [[ekspat]]s), ferfyftichfoudige. Under de ekspats binne in soad steatenleaze Arabieren lykas [[bedoeïen]]en) en fjirder immigranten út lannen as Pakistan, Bangladesh en de Filipijnen. De befolking is foar 85% [[moslim]].
== Gouverneminten ==
Koeweit is opdield yn seis gouverneminten (''muhafazat''):
* [[Ahmadi]] (Arabysk: الأحمدي)
* [[Farwaniya]] (Arabysk: الفروانية)
* [[Al-Asimah]] = Arabysk foar [[Haadstêd]] (Arabysk: العاصمة)
* [[Jahra]] (Arabysk: الجهراء)
* [[Hawalli]] (Arabysk: حولى)
* [[Mubarak Al-Kabier]] (Arabysk: مبارك الكبير)
{{Koördinaten|29_10_0_N_47_36_0_E_type:country_region:KW|29° 10' N, 47° 36' O}}
[[Kategory:Koeweit| ]]All content in the above text box is licensed under the Creative Commons Attribution-ShareAlike license Version 4 and was originally sourced from https://fy.wikipedia.org/w/index.php?oldid=633988.
![]() ![]() This site is not affiliated with or endorsed in any way by the Wikimedia Foundation or any of its affiliates. In fact, we fucking despise them.
|