Revision 637673 of "D-Day" on fywiki

Yn militêre rûnten wurdt it begryp '''D-Day''' brûkt foar de dei fan oanfal of begjin fan in operaasje, ornaris ferwiist de term werom nei de lâning yn Normandje op tiisdei [[6 juny]] [[1944]]. Op dy dei begjinne de [[Alliearden]] oan in militêre operaasje dy't de befrijding fan West-Jeropa ta doel hawwe soe. Yn East-Jeropa teach it Reade Leger hieltyd fierder it [[Tredde Ryk]] yn. 6 juny 1944 wie in beskiedende dei foar it ferrin fan de [[Twadde Wrâldkriich]]. 

== It begryp D-Day ==
De begripen D-Day en H-Hour wurde brûkt om respektyflik de dei en it oere oan te tsjutten wêrop in operaasje plakfine sil. De letters binne ôflaat fan de [[Ingelsk]]e wurden wêrfoar se stean: "D" foar "day" (dei) en "H" foar "hour" (oere). Der is mar ien D-Day en ien H-Hour foar alle dielnimmende troepen dy't oan de deselde operaasje dielnimme. It seit himsels dat H-Hour op D-Day plakfynt. It begryp D-Day hat gjin spesjale betsjutting. 

Om D-Day of H-Hour krekter oan te jaan wurde plus- en mintekens brûkt. Sa kin de tiid foar of nei de D-Day oantsjut wurde. - betsjut foar en + betsjut nei. H-3 en D-3 betsjut dus trije oeren foar H-Hour en trije dagen foar D-Day.

== Operation Overlord ==
D-Day wurdt dus net spesifyk foar de alliearde oanfal yn Normandje fan 6 juny 1944 brûkt. Dat plan hie de namme "Operation Overlord" en is no de meast bekende D-Day. De lâning sels hie de namme "Operaasje Neptune".

Dy lâning soe eins op 5 juny 1944 plakfine. Mar omdat it wetter striemin wie, waard de lâning in dei ferset. By de plenning spile ek it wettertij in belangrike rol.

== Keppeling om utens ==
*[http://www.Omaha-Beach.Org D-Day 6.6.1944]

[[Kategory:Operaasje yn de Twadde Wrâldkriich]]