Revision 640547 of "Malmö" on fywiki

{{Ynfoboks stêd
| Namme = Malmö
| Kaart = Malmö collage.PNG
| Ynwennertal = 290.078 <small>(2009)</small>
| Ynwennertal stêdekloft = 635.224 <small>(2009)</small>
| Lân = [[Sweden]]
| Distrikt = Skåne län
| Provinsje = 
| Dielsteat = 
| Kanton = 
| Departemint =
| Gebiet = 
| Krite = 
| Oblast =
| Woiwodskip =
| Oerflak = 69,3
| Tiidsône =
| Boargemaster = 
| Koördinaten = 
| Koördinaten_tekst = 
| Webside = [http://www.malmo.se/ www.malmo.se]
}}
'''Malmö''' is in stêd yn it súdwesten fan [[Sweden]] oan de [[Sont]]. It is de haadstêd fan Skåne län, de meast súdlike provinsje fan Sweden. Súdlik fan de stêd leit de [[Sontbrêge]] dy't Malmö (Sweden) mei [[Kopenhagen|Keappehaven]] ([[Denemark]]) ferbynt. Malmö makket diel út fan de Sontregio, in transnasjonale regio dêr't 3.677.495 minsken wenje (2008).

== Skiednis ==
Malmö wie fan oarsprong in Deenske stêd. Om 1300 hinne begûn de stêd, mei troch de grutte ynfloed fan de [[Hânze]], hurd te groeien. Yn de 16e ieu wie de stêd ekonomysk fan grut belang. Mei de Frede fan Roskilde fan 1658 kaam [[Skåne]], dêr't Malmö by heart, by Sweden. Yn 1677 besochten 14.000 Deenske troepen de stêd wer yn te nimmen, mar nei in moanne striid moasten se har weromlûke. Troch de [[Yndustriële Revolúsje|yndustrialisaasje]] groeide de stêd nei 45.143 ynwenners yn 1886. Yn 2000 wie de [[Sontbrêge]] klear. Dy brêge jout de stêd nije mooglikheden as ferkearsknooppunt tusken [[Skandinaavje]] en de rest fan Europa.


{{Stobbe-geografy}}
{{CommonsBalke|Malmö}}

[[Kategory:Plak yn Sweden]]