Revision 649496 of "Bernardinen" on fywiki[[Ofbyld:foundersofciteaux.jpg||thumb|De stifters fan Cîteaux: Robert fan Molesme, Sint Alberik, en Stefan Harding]] De '''Bernardinen''', '''[[Sistersjenzers]]''' of ''Skiere Mûntsen'' wienen in [[kleasteroarder]]: de ''Saint ordre de Cîteaux'' (Frânsk, ''Hillige oarder fan Citeaux''). De oarder fan de Bernardinen is yn [[1098]] stifte troch [[Robert fan Molesmae]] yn het Frânske plak [[Cîteaux]]. Robert wie it net iens mei de wize fan libben fan de [[Benediktinen]] yn [[Frankryk]] fan dy tiid, en woe in oarder stifte dy libbe sa't [[Benedictus]] dat wold hie. Fan [[1125]] ôf waard [[Bernardus fan Fontaines]], abt fan it dochterkleaster [[Clairvaux]], de foaroprinnende man yn de kleasteroarder. Nei him, ''Sint Bernard'', hiet de oarder yn guon talen (ek) de ''Bernardinen''. De [[muonts]]en sels hiene wite klean, mar harren [[konversen]] wienen skier klaaid. Om't de konversen folle mear kontakt mei bûtensteanders hienen as de mûntsen krige de oarder sa ek de namme fan ''Skiere Mûntsen''. Yn de [[partijtiid]] waard sa de partij yn Fryslân dy anneks wie mei de Bernardinen de "[[Skieringers]]". == Kleasters == Troch de oarder waard yn Fryslân yn [[1165]] fan Clairvaux en [[Riddagshausen]] út it [[Kleaster Klaarkamp]] stifte. * [[Clairvaux]], [[Riddagshausen]] ** [[Kleaster Klaarkamp]] ([[1165]] - ) *** [[Nijewier|Kleaster Sion]] (foar 1200 - [[1580]]) *** [[Kleaster Gennaart]] ([[1191]] - 1580) *** [[Kleaster Blomkamp]] (1191 - 1580) **** [[Nijekleaster (Skearnegoutum)]] ([[1233]] - 1580) *** [[Kleaster Auwert]] (Westerkertier, [[1192]] -1580) [[Kategory:Kristendom]] [[Kategory:Kleasteroarder]] All content in the above text box is licensed under the Creative Commons Attribution-ShareAlike license Version 4 and was originally sourced from https://fy.wikipedia.org/w/index.php?oldid=649496.
![]() ![]() This site is not affiliated with or endorsed in any way by the Wikimedia Foundation or any of its affiliates. In fact, we fucking despise them.
|