Revision 650855 of "Gilgamesjepos" on fywiki

[[Ofbyld:GilgameshTablet.jpg|thumb|right|Tablet mei it Gilgamesj-Epos.]]
It '''Gilgamesjepos''' komt út [[Sumearje]] en is ien fan de âldste ferhalen fan de wrâld. It giet oer [[Gilgamesj]], de heldekening fan Uruk yn Sumearje en datearret fan lang neidat Gilgamesj sels kening wie. De meast folsleine ferzje fan it ferhaal is oantroffen yn de gearstalling fan de [[Assyrje|Assyryske]] kening [[Assurbanipal]] út de [[7e ieu f. Kr.]]. Guon ferzjes datearje lykwols út noch eardere tiden. 

De tekst koe bewarre bliuwe omdat it ieuwenlang troch learlingen yn [[spikerskrift]] oerskreaun waard op [[klaaitabletten]] om de [[Sumearysk|Sumeryske taal]] te learen, ek yn de tiid dat de taal troch it folk net mear sprutsen waard, mar allinne troch amtners brûkt, krekt sa as it [[Latyn]] yn de [[Midsieuwen]]. Mei help fan de [[argeology]]ske fynsten koe it ferhaal aardich rekonstruearre wurde. 

Hiel nijsgjirrich is, dat sawol de [[Bibel]] as it Gilgamesjepos de [[sûndfloed]] neame.

[[Kategory:Brûnstiid]]
[[Kategory:Mytology]]
[[Kategory:Neolitikum]]
[[Kategory:Literatuer]]