Revision 653665 of "Georgetown" on fywiki{{Universele ynfoboks stêd
| namme = Georgetown
| ôfbylding = Governmental administration.jpg
| ôfbyldingsbreedte = 260px
| ôfbyldingstekst = Regearingsgebou
| ynwennertal = 239.227 <small>(2009)</small>
| oerflak = 51,8 km²
| befolkingstichtens =
| stêdekloft = 354.964; 147,6 km²
| hichte = 0 m
| lân = [[Guyana]]
| bestjoerlike ienheid 1 = Regio
| namme bestjoerlike ienheid 1= Demerara-Mahaica
| bestjoerlike ienheid 2 =
| namme bestjoerlike ienheid 2=
| boargemaster = Hamilton Greene
| stêdsyndieling =
| stifting = 1781
| postkoade =
| tiidsône = [[UTC]]-4
| simmertiid =
| koördinaten = {{Koördinaten|6_47_0_N_58_10_0_W_type:city(32563)_region:GY|6° 47' NB B., 58° 10' WL}}
| webside =
}}
[[Ofbyld:Guyana-CIA WFB Map.png|thumb|250px|Lizzing Georgetown yn Guyana]]
'''Georgetown''' is de haadstêd fan it [[Súd-Amearika]]anske lân [[Guyana]]. De stêd leit oan de [[Atlantyske Oseaan]] oan de mûning fan de rivier [[Demerara]].
Fia de haven fan Georgetown wurdt ûnder oaren [[goud]], [[sûker]], [[rys]] en [[bauksyt]] útfierd. Georgetown hat in universteit, UG University of Guyana. Yn it stedsdiel Bourda, dêr't ek it Cricket-stadion leit, is it ''Guyana Zoological Park'' festige, dat 1 jannewaris 1952 iepene waard. Fanâlds hie de stêd meast houten gebouwen; dêr binne noch moaie eksimplaren fan oer.
== Skiednis ==
Op iy elantsje Borselen yn de rivier Demerara wie al in Nederlânske delsetting, haadplak fan de koloanje. Under de Ingelsen waard in oare delsetting stifte yn 1781, lizzend tusken de [[plantaazje]]s ''Werk-en-rust'' en ''Vlissingen''.
Georgetown is fieder ûntwikkele ûnder de Frânske besetting fan de koloanje [[Essequibo (koloanje)|Essequibo]] en [[Demerara]], fan [[1781]] oant [[1784]], en hjitte doe ''Longchamps''. Nei it weromjaan fan de koloanje oan de Nederlanners waard de stêd omdoopt yn ''Stabroek'', nei [[Nicolaes Geelvinck]] (1732 — 1787), Hear fan [[Stabroek (Belgje)|Stabroek]], dy't Opperbewâldhawwer fan de [[West-Ynjeske Kompanjy|WIC]] wie.<br />
De koloanje Essequibo en Demerara waard fan [[1796]] oant [[1802]] en letter fan [[1803]] oant [[1814]] beset troch Britske troepen. Yn 1812 krige de stêd de namme dy't se no hat, Georgetown, neamd nei de Britske kening [[George III fan it Feriene Keninkryk|George III]]. Yn [[1814]] waarden de koloniën offisjeel oerdroegen oan it [[Feriene Keninkryk]].
Yn it Georgetown fan no binne noch ferwizingen nei de eardere Flaamske nammen te finen. Sa hjit de grutte merk by de haven ''Stabroek Market'', en is der in [[deiblêd]] ''The Stabroek News''.
<gallery>
Ofbyld:Cottage of city Georgetown.jpg|''Victora gerjochtsgebou''
Ofbyld:Dwelling in city.jpg|''Houten went út de koloniale tiid''
Ofbyld:Stabroek Market Clock by Khirsah1.jpg|''Stabroekmerke''
Ofbyld:Laluni St panorama.jpg|''Lalunistrjitte''
</gallery>
== Berne yn Georgetown==
* [[Chris Brasher]] (21 augustus 1928), Britsk hurdrinner
{{Commonscat|Georgetown, Guyana}}
[[Kategory:Haadstêd yn Súd-Amearika]]All content in the above text box is licensed under the Creative Commons Attribution-ShareAlike license Version 4 and was originally sourced from https://fy.wikipedia.org/w/index.php?oldid=653665.
![]() ![]() This site is not affiliated with or endorsed in any way by the Wikimedia Foundation or any of its affiliates. In fact, we fucking despise them.
|