Revision 683512 of "Bernardinen" on fywiki

[[Ofbyld:foundersofciteaux.jpg||thumb|De stifters fan Cîteaux: Robert fan Molesme, Sint Alberik, en Stefan Harding]]
De '''Bernardinen''', '''[[Sistersjenzers]]''' of ''Skiere Mûntsen'' wienen in [[kleasteroarder]]: de ''Saint ordre de Cîteaux'' (Frânsk, ''Hillige oarder fan Citeaux'').

De oarder fan de Bernardinen is yn [[1098]] stifte troch [[Robert fan Molesmae]] yn het Frânske plak [[Cîteaux]]. Robert wie it net iens mei de wize fan libben fan de [[Benediktinen]] yn [[Frankryk]] fan dy tiid, en woe in oarder stifte dy libbe sa't [[Benedictus]] dat wold hie.

Fan [[1125]] ôf waard [[Bernardus fan Fontaines]], abt fan it dochterkleaster [[Clairvaux]], de foaroprinnende man yn de kleasteroarder. Nei him, ''Sint Bernard'', hiet de oarder yn guon talen (ek) de ''Bernardinen''.

De [[muonts]]en sels hiene wite klean, mar harren [[konversen]] wienen skier klaaid. Om't de konversen folle mear kontakt mei bûtensteanders hienen as de mûntsen krige de oarder sa ek de namme fan ''Skiere Mûntsen''. Yn de [[partijtiid]] waard sa de partij yn Fryslân dy anneks wie mei de Bernardinen de "[[Skieringers]]".

== Kleasters ==
Troch de oarder waard yn Fryslân yn [[1165]] fan Clairvaux en [[Riddagshausen]] út it [[Kleaster Klaarkamp]] stifte.

* [[Clairvaux]], [[Riddagshausen]]
** [[Kleaster Klaarkamp]] ([[1165]] - )
*** [[Nijewier|Kleaster Sion]] (foar 1200 - [[1580]])
*** [[Kleaster Gennaart]] ([[1191]] - 1580)
*** [[Kleaster Blomkamp]] (1191 - 1580)
**** [[Nijekleaster (Skearnegoutum)]] ([[1233]] - 1580)
*** [[Kleaster Auwert]] (Westerkertier, [[1192]] -1580)

[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Kleasteroarder]]

{{Link FA|fr}}